Teäter yn Snits yn karantêne: "Dit doet heel veel pijn"

23 mrt 2020 - 17:48

Lege stuollen yn it teäter op moandeitemiddei is fansels neat bysûnders, mar sa leech as it teäter dizze moandei is, is wol unyk. Allinnich direkteur Wiebren Buma fan Theater Sneek is oanwêzich. De rest fan it personiel is thús. Ek frijwilligers komme der net, lit stean artysten.

"Dit doet natuurlijk heel veel pijn", seit Buma, wylst er yn in folslein lege teäterseal stiet. Alle 600 stuollen binne al hast twa wiken leech. "We hadden als laatste hier Pieter Derks met zijn cabaretshow. En de artiesten van de dag er op waren al onderweg toen alles op slot moest. Dus die zijn halverwege omgekeerd."

'Teken fan goede wil'

It is in finansjele strop foar it teäter, mar hoe grut dy oft strop is, hinget folslein ôf fan hoelang't de coronamaatregels duorje. En fan de maatregels dy't de oerheden nimme om de kulturele sektor te stypjen. Buma is dan ek wiis mei de brief dy't it provinsjebestjoer moandei ferstjoerde oan alle kulturele ynstellings. Dêryn joech deputearre Poepjes oan hoe't se de ynstellings temjitte komme wol.

"Wij hebben zelf niet veel met de provincie te maken, maar meer met de gemeente Súdwest-Fryslân. Het geeft wel aan dat de overheden er mee bezig zijn. Het is voor ons allemaal nog erg onzeker, dus zo'n gebaar is in elk geval een teken van goede wil", seit Buma. "Hoe we het gat moeten opvullen kunnen we pas echt met elkaar gaan bekijken aan het eind van de rit."

Foto: Omrop Fryslan, Wytse Vellinga

Op it stuit is Buma mei syn personiel drok dwaande mei de tariedings foar takommend seizoen. It programma moat no al wer opsteld wurde, mar ek dêrby soarget it firus foar ûnwissens. Want wat no skrast wurde moat, moat eins takommend jier in nij plakje krije.

"En hoe meer dingen we moeten uitstellen, hoe ingewikkelder dat wordt. En misschien dat we op een gegeven moment niet meer alles op een nieuwe plek kunnen neerzetten."

Foto: Omrop Fryslan, Wytse Vellinga

Buma is de iennige dy't noch yn it teäter oan it wurk is. De rest sit thús te wurkjen. Op de digitale kanalen besykje se sa goed as it kin in programma foar takom jier del te setten. "Het is niet altijd even handig en het is wel erg stil in het theater. Maar het voordeel is wel dat ik af en toe even zelf op het podium me kan uitleven zonder dat ik anderen er mee lastig val", grapjaget Buma.

(advertinsje)
(advertinsje)