SportCast: Ald-Cambuurspiler Koen Brack yn Italië: "Het is écht ongelooflijk"

Ek al leit de sport troch it coronafirus folslein plat, der falt noch altyd genôch te bepraten. Dizze wike dogge we dat yn de SportCast mei in spesjale gast, nammentlik âld-Cambuurspiler Koen Brack. Hy spile mear as hûndert wedstriden foar de Ljouwerters, mar wennet en fuotballet no al jierren yn Italië. "We zitten in de derde regio qua brandhaarden. Als je medische hulp nodig hebt of boodschappen moet doen, mogen we de deur uit. Verder word je verzocht niet naar buiten te gaan", fertelt Brack.
De podcast is ek te beharkjen op Spotify en yn de podcast-apps.
De coronakrisis grypt yn Italië noch folle grutter om him hinne as hjir yn Nederlân. Eltsenien begrypt net dat der it ôfrûne wykein sa'n soad minsken op strjitte wiene. Brack hat dat ek meikrigen: "Ik vind het ongelooflijk. Helemaal omdat je als voorbeeld hebt wat hier gebeurt. Hier zijn fouten gemaakt, waardoor het virus zich heeft kunnen verspreiden en we nu allemaal thuis zitten."
Dêrnjonken giet it fansels ek oer fuotbal. Mei fragminten en anekdoaten fan ûnder oaren Mark de Vries en Danny Guijt wurdt Brack konfrontearre mei it seizoen 2008/2009. "Dit is mooi, dankjewel. Dat jaar is het mooiste jaar geweest uit mijn carrière. We hebben zo veel lol gehad met elkaar. De balans was top. We speelden heel goed voetbal. Daar heb ik hele mooie herinneringen aan."
Koen Brack yn 2009 foar SC Cambuur © Dijks Fotografie
Ofwikseljend prate sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Arjen de Boer en Geert van Tuinen yn de SportCast dy alle moandeis by oer al it sportnijs. De presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar.