Michel Bletterman hâldt op mei turnjen: “Ik ga de zee op”

23 mrt 2020 - 17:00

Michel Bletterman hâldt fuortendaliks op mei turnjen. Dat hat er moandei bekend makke by Omrop Fryslân. De 28-jierrige turner sjocht it net mear sitten om langer troch te gean en giet de see op. "Ik kon het niet meer opbrengen."

Bletterman hâldt op mei turnjen, omdat er it tiid fynt foar it oars. Hy begjint mei in oplieding ta matroas. "Mijn neef is kapitein. Zodoende ben ik daar bij terechtgekomen. Ik doe nu de opleiding Matroos Binnenvaart en ben net twee weken weg geweest. Je begint weer onder aan de ladder. Het is heel wat anders dan het topsportleven."

De Ljouwerter is 28 jier, mar toch fynt hy dat it genôch west hat. "Ik dacht vorig jaar al eens: ik hou ermee op. Maar ik wilde zo graag eens de Spelen halen. Maar turnen is echt zwaar. Het vraagt zoveel van je lichaam. En ik had zo vaak last van mijn schouder. Dan moest ik steeds weer opnieuw beginnen. Dat kon ik niet meer opbrengen."

Fiif WK's, trije EK's

Bletterman gong fiif kear mei nei in wrâldkampioenskip turnjen. Dy fan 2010 yn Rotterdam wie syn earste foar in fol Ahoy. Yn 2015 en 2018 wie hy reserve, yn 2014 en 2019 turne hy mei. Hy turne ek op de EK's fan 2014, 2017 en 2019. Hy behelle gjin medalje op in WK of EK. "Wat dat betreft heb ik alles wel meegemaakt. Alleen die Olympische Spelen niet."

Reserve by de Olympyske Spelen

Mei tank oan de goeie skoares fan Bletterman by de kwalifikaasjewedstriid yn 2016 op it testevent gong de Nederlânske ploech nei de Olympyske Spelen yn Rio de Janeiro. Dochs mocht Bletterman net mei nei de Spelen. Oare turners, sa as Epke Zonderland en Yuri van Gelder, hiene neffens it NOC*NSF gruttere medaljekansen. Dêrom wie Bletterman reserve.

It missen fan de Spelen waard ekstra pynlik, omdat Van Gelder nei hûs stjoerd waard nei in jûntsje stappen. Van Gelder hie him kwalifisearre foar de finale op it ûnderdiel ringen, gong dêrnei op stap en kaam let thús. Hy waard troch sjef de mission Maurtis Hendrik nei hûs stjoerd. "Sukkel", wie de earste reaksje fan Bletterman doe. Mar dêr stiet hy no wol wat oars yn. "Toen dacht ik natuurlijk: daar had ik kunnen staan. Maar ik heb het er later nog wel met Yuri over gehad en wat mij betreft is dat boek gesloten."

Hichtepunt

As hichtepunt neamt Bletterman toch dat testevent yn Rio. "Ik ging niet naar de Spelen, maar daar was ik fysiek en mentaal op mijn sterkst." Yn 2010 die Bletterman ek mei oan it WK yn eigen lân. "In een vol Ahoy, mijn eerste WK, dat was wel mijn doorbraak."

Bletterman waard yn 2017 en 2018 noch Nederlânsk kampioen op de brêge en nimt no ôfskie fan de sport. "Ik ben in december al gestopt. Ik ben toen, als zelfbescherming, ook een tijdje niet in de turnhal geweest. Toen ik daar weer kwam, moest ik wel even slikken. Ik ga het wel missen."

Trefwurden: 
turnjen Michel Bletterman
(advertinsje)
(advertinsje)