De Fryske Matthäus-Passion op 'e nij op radio en TV

No't it sosjale en kulturele libben stil leit troch de gefolgen fan it coronafirus, giet ek de tradisjonele Matthäus-Passion op in soad plakken net troch. By Omrop Fryslân is de komposysje fan Bach lykwols wol te hearren, útfierd troch it Noord Nederlands Orkest (NNO). It giet om in Fryske oersetting troch Peter Sijbenga. De útstjoering is op 28 maart te hearren om 18.00 oere.
Fryske Matthäus-Passion © Omrop Fryslân
Fanwege Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd 2018 is de Matthäus-Passion oerset yn it Frysk troch Peter Sijbenga. It stik fan trije oeren toant it lijensferhaal fan Jezus, ferteld troch orkest, koar, solisten en in bernekoar. De earste útfiering wie yn de maitiid fan 2018 yn Harns. Op 28 maart is by Omrop Fryslân de reprize te hearren op de radio, muzyk as treast yn drege tiden.

Fryslân DOK: 'De Mattéus op syn Frysk'

Ek is der yn itselde wykein in spesjale Fryslân DOK te sjen: 'De Mattéus op syn Frysk.' Dizze dokumintêre giet oet it ta stân kommen fan de Fryske Matthäus-Passion. De fraach fan programmamakker Albert Jensma is oft jo sa'n monumintaal wurk fan Bach fan it Dútsk nei it Frysk oersette kinne, sûnder it skea te dwaan. En wat bart der as jo ynternasjonale solisten sjonge litte yn in foar harren frjemde taal?
Dizze Fryslân DOK wurdt op 28 maart útstjoerd op NPO2 (mei Nederlânske ûndertiteling, werhelling op 29 maart om 13.10) en op 29 maart fan 17.00 oere ôf by Omrop Fryslân (werhelling alle oeren).
De Fryske Matthäus-Passion
28 maart, 18.00 oere, Omrop Fryslân radio
Fryslân DOK: De Mattéus op syn Frysk
28 maart, 15.30 oere, NPO2 (mei Nederlânske ûndertiteling)
29 maart, 13.10 oere, NPO2 (mei Nederlânske ûndertiteling)
29 maart, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)
De Fryske Matthaus op e nij op radio en TV