Spesjale boat foar Amelanner coronapasjinten

23 mrt 2020 - 16:16

Wa't op It Amelân wennet of ferbliuwt en it coronafirus hat, kin mei in spesjaal makke boat rap nei de haven fan Holwert brocht wurde. It inisjatyf komt fan Regionale Ambulancevoorziening Fryslân (RAV Fryslân).

De klokketoer fan Ballum oan de Camminghastrjitte op It Amelân - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De boat is beskikber steld troch Veltman Marine Services. Achterop sit in kontenerunit. Nei wat oanpassingen, lykas elektrisiteit foar de apparatuer, wie it skip mei unit snein klear. It is 24 oeren deis beskikber. Der ha noch gjin 'coronafearten' west.

Earst sûnder unit

"We kunnen in een kwartier de vaste wal bereiken", seit eigener Richard Veltman. "Toen ik vrijdag door RAV Fryslân werd gebeld, heb ik gelijk een van onze boten beschikbaar gesteld. We konden vanaf vrijdagmiddag varen, maar eerst zonder unit. Dan hadden mijn medewerkers beschermende kleding gedragen en hadden we alles goed ontsmet. Met de unit loopt alles gescheiden. Het ambulancepersoneel en de patiënt komen aan boord en gaan in de unit, wij zitten in de stuurhut."

Trefwurden: 
It Amelân coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)