Ambulânsepersoniel bot ûnder de yndruk fan Brabân: "Minsken stienen te klappen"

Ambulânsemeiwurkers en oar personiel fan ambulânseferfierder Kijlstra binne bot ûnder de yndruk fan wat se ôfrûne wykein sjoen ha by it opheljen fan coronapasjinten út Brabân. Se roppe de Friezen op om harren goed oan de regels en foarskriften te hâlden om corona foar te kommen. De yndruk bestiet dat Friezen de earnst fan de situaasje noch wol wat ûnderskatte.
Ambulânsepersoniel ûnder de yndruk:
Kijlstra ambulance personiel bot ûnder de yndryk
Kijlstra sette dit wykein in lytse fjirtich ambulânses yn om coronapasjinten út Brabân nei it Noarden te bringen. Se dienen dat yn gearwurking mei ambulânsebedriuwen út Grinslân en Drinte. Neffens direkteur Sietze Kijlstra binne syn minsken tige entûsjast om by te springen as dat nedich is. Op in oprop om te wurkjen wienen de positive reaksjes massaal. "Sûnder dy ekstra minsken kinne we it net oan. Ofrûne wykein binne njoggentjin teams ynset om de pasjinten hjirhinne te bringen."

Skjinmeitsjen en desynfektearjen tiidrôvjend

It ferfier hat net echt grutte swierrichheden opsmiten, seit Anita Hendriksma, teamlieder fan de soarchambulânse. Sy koördinearret de ritten. "Alles is goed ferrûn. Wol binne de minsken ekstra tiid kwyt mei it skjinmeitsjen en desynfektearjen fan de auto's. Mar ek dat slagget goed."
It tal mûlekapkes wie noch wol even in soarch, mar ek dat is foarearst oplost troch oanmeldings fan bûtenút.
Ik tink dat dat hjir yn Fryslân noch wol wat ûnderskat wurdt.
Ambulânsesjauffeur Martijn de Roo
Ambulânsesjauffeur Martijn de Roo is bot ûnder de yndruk fan wat er yn Brabân oantroffen hat. "Minsken binne wol tige siik. Ik tink dat dat hjir yn Fryslân noch wol wat ûnderskat wurdt. Minsken moatte harren echt oan de regels en foarskriften hâlde", seit er. De Roo wie ûnder de yndruk fan de ûntfangst yn Brabân. "Minsken stutsen de tomme omheech en stienen te klappen, dat wie yndrukwekkend."
Moandei wie wer in dei as gewoan. Mar Kijlstra is klear foar eventuele nije drokte yn de kommende dagen. "Der binne genôch minsken en auto's. We hawwe senario's klear lizzen foar ferskillende situaasjes. Yn prinsipe kinne we it oan."