27 Brabânske pasjinten yn Fryske sikehuzen

Yn de Fryske sikehuzen binne 27 coronapasjinten opnommen út Brabân wei. Trije fan harren lizze op de intensive care fan it MCL. Fierder lizze op de klinyske ôfdieling fan it MCL fjouwer pasjinten, yn it Antoniussikehûs yn Snits fiif en yn de Tjongerskâns op It Hearrenfean trije. Nij Smellinghe yn Drachten hat de measte Brabânske coronapasjinten opnommen: 12.
Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten © ProNews
Nij Smellinghe yn Drachten hat ek noch trije 'gewoane' pasjinten út Brabân opnommen. De pasjinten út Brabân dy't yn Fryske sikehuzen lizze, meie gjin besite ûntfange dy't fan bûten Fryslân, Grinslân, Drinte en Oerisel komt. De sikehuzen melde dat dat ferskriklik tryst is, mar wol nedich.

'Fryske pasjinten'

Yn Nij Smellinghe is ien nije coronapasjint út de eigen regio opnommen. Dêr lizze no trije Fryske pasjinten. Nij Smellinghe hat it tal plakken op de IC mei fjouwer ferhege en hat no tsien IC-bêden.
Yn it Antonius yn Snits lizze no noch tsien Fryske coronapasjinten. Fiif binne ûntslein troch it Antonius; sy wiene sa fier opknapt dat se thús fierder opknappe kinne. Yn de Tjongerskâns binne it ôfrûne wykein fjouwer nije pasjinten bykommen. Dêr lizze no seis minsken mei it coronafirus.
Yn it MCL lizze fiif Fryske coronapasjinten; ien fan harren leit op de IC.
Folgje it nijs oer it coronafirus hjoed ek wer yn ús liveblog. En sjoch foar al ús berjochtjouwing oer it firus yn ús coronadossier.