Waadplaat De Kalkman ticht foar fûgelwachters

23 mrt 2020 - 14:23

It tafersjoch troch fûgelwachters op it Waad komt bot ûnder druk te stean troch it coronafirus. Steatsboskbehear hat moandei har frijwilligers ynformearre dat sy net as fûgelwachter aktyf wêze meie op waadplaat De Kalkman. Dat is de waadplaat tusken It Amelân en Skiermûntseach; ek wol bekend as de Engelsmanplaat.

In soad besikers op de Kalkman - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

"De vogelwachters die daar naartoe gaan, kunnen ook ziek worden in het huisje en moeten daar ook vandaag worden gehaald als dat gebeurt", seit Marjan Veenendaal fan Steatsboskbehear. Dat wurdt in hiele ûndernimming. "Daarom doen we even een pas op de plaats." De frijwilligers hawwe begryp foar it beslút, mar fine it tige spitich dat harren wurk net trochgiet.

It Gryn

Natuurmonumenten hat besletten dat harren eigen twa fûgelwachters op It Gryn op 10 april wol nei it ûnbewenne eilân gean, mar dat wie net fanselssprekkend. "It binne fêste meiwurkers. Sy binne sûn en ha net in soad kontakt mei oaren. Wy wolle graach de kontinuïteit fan harren wurk behalde", seit Jan Willem Zwart fan Natuurmonumenten. De fûgelwachters hâlde har dwaande mei it tellen fan fûgels en oar ûndersyk.

Oer de frijwillige fûgelwachters op de Richel en de Skylger Boschplaat nimme beide natuerbehearders nei 6 april in beslút.

Marjan Veenendaal fan Steatsboskbehear en Jan Willem Zwart fan Natuurmonumenten

(advertinsje)
(advertinsje)