Friezinne Erna Brinkman yn Italië: "Nederland loopt een paar weken achter op ons"

23 mrt 2020 - 14:07

Yn Nederlân sitte we no in wike binnendoar, mar yn Italië duorret de coronakrisis al mear as in moanne. En noch alle dagen komme der tûzenen nije Italiaanske besmettingsgefallen by en stjerre der hûnderten minsken. Ald-topfollybalster en Fries om utens Erna Brinkman wennet al jierren yn Italië, op 'e hichte fan Ancona, yn it midden fan it lân, en fertelt ús oer hoe't de situaasje dêr no is.

Erna Brinkman mei har famylje - Foto: Eigen foto

Foar it earst komme der positive berjochten yn it lân: it oantal ferstoarne en ynfektearre minsken nimt ôf. Dat jout Brinkman wer wat hoop. "Het is nog steeds dramatisch, maar de genomen maatregelen werken hopelijk."

Fan woansdei ôf giet it lân op slot, der komt oant 3 april in folsleine lockdown. Alle winkels en bedriuwen dy't net in earste needsaak binne, slute de doarren. "Dit soort maatregelen kan voor oplossing zorgen, dus we doen het graag."

Mei Brinkman en har famylje giet it reedlik goed. "We hebben een groot huis en er is genoeg te doen. Om een bepaalde tijd zingen we met heel Italië een liedje en dat geeft je het idee dat we dichtbij elkaar staan." It jout har moed om te sjen dat de maatregels dy't naam binne yn Italië effekt ha.

Parallellen

Italië sit al folle langer yn dizze situaasje as Nederlân en Brinkman sjocht dêryn wol parallellen tusken de twa lannen. "Ik zie precies dezelfde dingen gebeuren als bij ons, maar Nederland loopt een paar weken achter." Nederlân kin neffens Brinkman dêrom wol wat leare fan Italië.

De Friezinne hat der lykwols fertrouwen yn dat har lân der wer boppe-op komt. "Italianen zijn mensen die veel kunnen uitvinden en ik ga ervan uit dat de overheid ons gaat helpen om het land op te bouwen en dat alles weer goedkomt."

Erna Brinkman yn Italië

(advertinsje)
(advertinsje)