Frou mishannele yn Ljouwert; fertochte oppakt

23 mrt 2020 - 13:56

De plysje fan Ljouwert hat sneintejûn in Ljouwerter fan 21 jier oanholden op fertinking fan it mishanneljen fan in frou. De frou wie flechte út in wenning oan de Dirk Boutstrjitte en hie by de buorlju om help frege.

de dieder is oppakt - Foto: eigen foto

De fertochte naaide út doe't de plysje kaam, mar koe frij flot oanholden wurde yn syn eigen wenning. Hy fersette him en bedrige de plysje. Ut in blaastest die bliken dat er drank op hie. Hy sit noch fêst op it buro en moat tiisdei foar de rjochter-kommissaris ferskine.

(advertinsje)
(advertinsje)