Lytse ûndernimmingen ha grut ferlet fan finansjele oerheidsstipe

23 mrt 2020 - 13:30

In soad ûndernimmers sitte mei smerte te wachtsjen op mear dúdlikens oer de taseine oerheidsstipe. By it Bureau Zelfstandigen Fryslân komme alle dagen hûnderten oanfragen foar ynformaasje binnen. Nei alle gedachten wurdt woansdei dúdlik hoe't je gebrûk meitsje kinne fan de stipe.

Sûnt ferline wike bekend waard dat skoallen en hoarekasaken ticht giene, ha se it smoardrok by it Bureau Zelfstandigen Fryslân. Gewoanwei lûkt de webside hûndert besikers de wike, no wiene dat der allinnich foarige wike al 5.000. De helte dêrfan hat ynformaasje opfrege oer wannear't de regeling krekt fan krêft wurdt.

Sa't it no liket, kinne ûndernimmers, ôfhinklik fan har thússituaasje, oanspraak meitsje op in ynkommensoanfolling oant 1.500 euro de moanne. Ek kinne se in liening krije fan maksimaal 10.000 euro foar urginte bedriuwskosten. Wijtze de Jong, fan Bureau Zelfstandigen Fryslân: "It giet om in bydrage foar trije moannen. Je sitte dan krekt wat boppe bystânsnivo."

Undernimmers yn need kinne fuort holpen wurde

Neffens de Jong wurdt it tiid dat de regeling fan krêft wurdt: "We fernimme dat minsken akút yn finansjele need sitte, se ha gjin ynkommen mear." Al sa'n 100 lytse ûndernimmingen bin sa al holpen. Dy krije in foarskot. Dat kin neffens de regels, seit De Jong: "Minsken dy't yn finansjele need sitte, kinne fia it ynternet by ús oanklopje. Dy kinne wy fuort helpe mei in foarskot."

Kommende woansdei wurdt mear dúdlik oer de krekte ynfolling fan de finansjele fergoedings foar lytse ûndernimmingen. De Jong: "Wy ferwachtsje dat de oanfragen dan binnenkomme. We kin dan los mei it jaan fan foarskotten. Foar't alles goed stiet en alle regels op papier steane, binne we dan al wiken fierder. Mar we kin dizze wike oan de slach."

Coronakrisis of net, de jachten wurde gewoan klearmakke foar it kommende farseizoen. - Foto: Omrop Fryslan, Hayo Bootsma

"De earste tsientûzen is al ferdampt"

Ien fan de bedriuwen dy't oanspraak meitsje wol op de regeling is Yachtcharter Grou fan Wietse Houwink. Op it stuit is hy drok dwaande om syn jachten klear te meitsjen foar it seizoen: "Dat wurk moat gewoan trochgean. Je wolle it klear ha." Houwink kin de ympakt fan de coronakrisis goed fernimme: "In hiel soad klanten ha al annulearre. De earste tsientûzen euro is al ferdampt. Dat helje je dit seizoen net mear yn."

Ek de iepen dagen begjin april gean net troch. Houwink: "Dy soene op 4 en 5 april wêze. Dan rinne alle maatregels noch. Dy dagen binne foar ús al hiel belangryk, ien fan de belangrykste reklamepunten yn it jier."

Provinsje holp net by beurzen

De winterperioade is ek de tiid wêryn't de jachtferhierders in soad ynvestearje moatte. "Boppedat is de winterperioade foar ús in tiid dat we in soad ynvestearje. Oan ûnderhâld en ek oan promoasje op beurzen."

Sa stie Houwink op boot Düsseldorf. Gewoanwei betelle de provinsje in part fan de kosten, mar dit jier foar it earst net. Houwink: "Dan kin je sizze, dat is ûndernimmersrisiko. Ja, dat kloppet fansels. Mar dan krije je dizze tik der oerhinne en sjogge je kapitaal fuortranen. It wurdt dan lestich om de kop boppe wetter te hâlden."

Dochs is Houwink optimistysk: "Miskien biedt it ek kânsen. Want op in boat sitte je al isolearre, by minsken dy't je kenne en fan wa't je witte dat se net besmet binne. Dat is dan ridlik feilich. Ik ha goede hoop foar de takomst."

Ferslachjouwer Hayo Bootsma oer ûndernimmersstipe

(advertinsje)
(advertinsje)