Túnsintrum Marsum makket him op foar drokte: "Wij vrolijken mensen op in deze depressieve tijd"

23 mrt 2020 - 12:50

By it túnsintrum yn Marsum meitsje meiwurkers harren klear foar grutte drokte. No't it kabinet oankundige hat dat der moandeitejûn om 18.30 oere in parsekonferinsje komme sil, binne der in soad minsken dy't noch gau nei it túnsintrum of de boumarkt gean. "Ook wel logisch, want iedereen wordt toch een beetje depressief van deze situatie. Dan kunnen wij ze nog opvrolijken."

Foto: Onno Falkena

Eigener Jan de Leeuw fan túnsintrum De Leeuw yn Marsum is hielendal klear foar de drokte. De ôfrûne dagen wie it ek al ekstra drok mei minsken dy't planten kochten. "Veel mensen geven aan dat ze nu nog langskomen omdat we nog open zijn. Ze kopen vooral planten waar ze vrolijk van worden, zoals viooltjes."

Doarren mooglik ticht

Dochs riedt De Leeuw him ek ta op mindere tiden. Mooglik beslút it kabinet moandeitejûn dat 'niet essentiële' winkels lykas túnsintra en boumarkten ek harren doarren slute moatte. En dat soarget foar ûnwisse tiden by ûndernimmers. De Leeuw: "Je zit met de planning van je inkopen. Daar zijn we in ons hoofd al heel lang mee bezig. We hebben contact gehad met onze leveranciers over wat er geleverd wordt. Naar aanleiding van wat er vanavond wordt besloten, kunnen we die leveranciers altijd nog afbellen."

Aldereintehûzen bliid meitsje

De Leeuw hâldt de moed der yn as de doarren aanst ticht moatte. "We zitten in een situatie dat we het nog een aantal weken kunnen uithouden. Bovendien is er nog genoeg werk op het terrein. Maar een gedeelte van ons assortiment is bederfelijk, dus misschien gaan we een aantal verzorgingshuizen de komende dagen heel erg blij maken."

Jan de Leeuw van tuincentrum De Leeuw in Marsum

(advertinsje)
(advertinsje)