Fryslân folget lanlik testbelied, mar krijt eigen testlokaasje foar soarchferlieners

Der binne 4 nije besmettingen mei it coronafirus yn Fryslân fêststeld de ôfrûne 24 oeren. Dat hat de GGD Fryslân moandeitemoarn bekend makke. Dêrmei komt it totaal oantal Fryske coronapasjinten no út op 40.
GGD Fryslân © GGD Fryslân
Mikrobiolooch Alex Friedrich fan it Grinzer UMCG sei yn De Groene Amsterdammer dat syn sikehûs safolle mooglik soarchpersoniel test op it firus, al skriuwt it RIVM foar om net te folle te testen. Dêr soe net genôch materiaal foar wêze. Dat sprekt Friedrich tsjin. Hy seit dat de noardlike sikehûzen 'loskeppele ha fan it lanlike belied' en it personiel safolle mooglik teste. Want ek sûnder klachten kinne dokters en ferpleechkundigen it firus ha en oaren besmette, warskôget er.

Fryslân folget lanlik belied

Margreet de Graaf fan de GGD Fryslân seit dat we hjir wol de rjochtline fan it RIVM folgje. "Wij testen conform het landelijk beleid." Dat betsjut ek dat der folle mear minsken mei it firus omrinne as dat bekend wurdt. "Het kan best zijn dat huisartsen tegen mensen zeggen: het kan best zijn dat het corona is, zonder dat deze mensen ook echt getest worden. De kans dat het ook daadwerkelijk corona is, is vier procent."
It gefaar fan corona leit him benammen yn it feit dat net ien noch ymmún is foar it firus. De Graaf: "Dat is het verschil met het gewone griepvirus. Dit coronavirus grijpt zo snel om zich heen omdat iedereen er ziek van wordt, niemand is er immuun voor. De ernst van het ziektebeeld is niet het gevaar. Tuurlijk, het is wel een stevige griep, maar het gevaar is vooral dat de druk op de zorg veel groter wordt. Als iedereen tegelijkertijd ziek zou worden, dan kunnen we dat niet aan."

Testlokaasje Kealledykje

Yn de Camminghahal op sportpark Kealledykje is koartlyn in testlokaasje ynrjochte, seit De Graaf. "De testlocatie in het Kalverdijkje in Leeuwarden is alleen bedoeld voor mensen die worden uitgenodigd om getest te worden. Dat zullen voornamelijk zorgverleners zijn. Doel is dat we goed in beeld hebben hoeveel besmettingen er binnen deze doelgroep zijn. We zijn namelijk voortdurend aan het werken met schaarste, daar zijn alle maatregelen op ingericht."

Effekt fan maatregels

Oer it effekt fan alle maatregels doart De Graaf noch neat te sizzen. "We hopen dat in het Noorden de effecten van de maatregelen op tijd komen, om het hier zo lang mogelijk rustig te houden. Maar je kunt de effecten pas over twee tot drie weken echt meten. Vanwege de incubatietijd weet je pas daarna of het opknapt of verslechterd."

Net oan de regels hâlde

Op de fraach oft wy ús yn Fryslân goed oan de regels hâlde, is De Graaf tige te sprekken oer de Friezen. "Er gaan foto's rond in de media waarop te zien is dat er net even een groep mensen die bij elkaar zit, maar het zijn steeds dezelfde foto's en plekken. Als je in Fryslân rondkijkt, zie je een ander beeld. We houden wel afstand en luisteren goed naar de maatregelen."
Margreet de Graaf fan de GGD