Dokkumer Flaggesintrale komt mei eigen 'coronaflagge'

23 mrt 2020 - 11:29

De Dokkumer Flaggesintrale hat in spesjale coronaflagge makke. De flagge hat as tekst 'Met elkaar, voor elkaar' en is in oade oan alle beroppen dy't op dit stuit yn de coronakrisis ekstra hurd wurkje. De opbringst fan de flagge giet nei it Reade Krús.

Foto: Dokkumer Vlaggencentrale

"We willen hier geen persoonlijk gewin uithalen, dat is absoluut niet de bedoeling", fertelt Robert-Jan Hageman fan de Flaggesintrale. "Toen we dit idee lanceerden, werd er zo massaal positief gereageerd, dat we vrijdag zijn gestart met de productie. In het weekend zijn er honderden vlaggen verkocht. Er zijn ontzettend veel mensen die uiting willen geven aan het steunen van de cruciale beroepen. Ook het Rode Kruis vindt het een superactie."

Thúswurkers werom helle

Fanwegen de drokte hat de Flaggesintrale minsken dy't thús wurken frege om werom te kommen om te helpen. "We hebben dertig mensen die thuiswerken, waarvan we mensen hebben gevraagd om weer naar de fabriek te komen om ons te helpen. We willen de vlaggen zo snel mogelijk versturen."

De coronaflagge smyt yn Dokkum moai wat ekstra wurk op, no't it hieltyd rêstiger wurdt. Hageman: "We hebben nog wel wat werk, gelukkig. Medewerkers zitten vooral thuis om reden van veiligheid. Maar we zijn wel afhankelijk van de economie, dus we houden zeker wel rekening met terugval."

Online bestelle

De flagge kin online op de webside fan de Dokkumer Flaggesintrale besteld wurde. Minsken kinne maksimaal 5 flaggen per persoan bestelle. De flagge kostet 7,50 euro, wêrfan't 2,50 euro nei it Reade Krús giet.

Robert-Jan Hageman fan de Dokkumer Flaggesintrale

(advertinsje)
(advertinsje)