Boskwachter ropt op om op te hâlden mei lamkes knuffeljen: "Ik kan wel janken"

23 mrt 2020 - 10:52

Boskwachter Joke van der Lei ropt minsken op om net mei jonge lamkes op de foto te gean. Se docht dat út namme fan eigener Anne van Riezen en syn dochter Renate. "Mensen proberen een selfie te maken en rennen er achteraan. We raken iedere dag lammetjes kwijt. Ik kan wel janken!"

Foto: ANP Foto

De skiep fan boskwachter Joke rinne op de Keale Dunen yn natoergebiet it Drents Friese Wold. Minsken dy't fanwegen it coronafirus nei bûten gean om bygelyks te fuotbaljen, gean massaal mei de jonge lamkes op de foto. Se drave der sels efteroan om in lamke te pakken. Dat soarget foar grutte ûnrêst.

Trefwurden: 
boskwachter lamkes selfie
(advertinsje)
(advertinsje)