AH Damwâld betider iepen foar âlderein: "Ik kin altyd letter noch efkes sliepe yn de stoel"

23 mrt 2020 - 09:06

Supermerk Albert Heijn yn Damwâld hat moandeitemoarn de winkel ekstra betiid iepene foar de âlderein. Fan sân oant acht oere koene sechtichplussers rêstich winkelje. Eigener Durk de Boer fynt it in goeie saak. "It is in risikogroep dy't ekstra kwetsber is. Dan wolst dochs wol in stapke ekstra dwaan. Minsken kinne de hiele dei komme, mar tusken sân en acht oere is it rêstich en is de kâns op fersprieding lytser."

Al it guod yn de winkel wurdt al om fjouwer oere moarns brocht. De Boer: "Der moat allinnich in kasjêre earder begjinne, fierder feroaret der neat." Dochs hat it coronafirus grutte ynfloed op it wurk yn de supermerk. "Alle oere wurde de karkes skjinmakke krekt lykas de hânscanners. Ek oeral ha wy guod stean om dyn hannen skjin te meitsjen. Wy binne der elke minút fan de dei mei dwaande."

Eigener Durk de Boer fan de AH yn Damwâld

Ik ha de wekker der spesjaal foar set.

Frou Talma

It rûn moandeitemoarn noch net stoarm. Der kamen sa'n trije âldere winkelbesikers op de oprop ôf. Frou Talma is ien fan de besikers dy't graach wat earder winkelje woe. "Ik moast efkes wat betider fan bêd. Ik ha de wekker der foar set. Ik wenje allinnich, mei myn kat. Ik boadskipje altyd foar in hiele wike. It falt my ôf dat der net folle minsken binne. Ik tocht der sille wol in hiel soad minsken wêze, mar in hiel soad minsken gean letter fan bêd ôf." Takom wike wol frou Talma wer graach betiid winkelje. "Dan kin ik letter altyd noch wol efkes in 'dutje' dwaan yn de stoel."

Durk de Boer hie wol ferwachte dat it net fuort stoarm rinne soe. "De boadskippegekkerij fan foarige wike is der no al wer wat ôf. Mar ik ferwachtsje dat der de kommende dagen wol hieltyd mear minsken betiid komme sille. Benammen oan it ein fan de wike ferwachtsje wy dat it wol drok wurde sil tusken sân en acht oere."

Frou Talma wie der betiid by moandeitemoarn

Hoe minder sielen, hoe mear freugde, sis ik altyd.

Sytse Dijk

Sytse Dijk kaam fuort nei acht oere yn de winkel om te boadskipjen. "Dit is myn fêste tiid wol sa'n bytsje. Moandeitemoarn is altyd in rêstige moarntiid om te boadskipjen. Hoe minder sielen, hoe mear freugde, sis ik altyd. Mar mocht it my te drok wêze, dan wie ik wer nei hûs gong."

Dijk is mantelsoarger foar syn mem. "Ik boadskipje foar twa. Ik hâld der no rekken mei dat wy in wike foarút kinne. Wy ha altyd wol aardich foarried, ek bûten dizze tiid fan corona. Wy ha in kelder, dus wy kinne wol in wike as wat foarút. Mar dat is standerd by ús."

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Dochs soarget it coronafirus ek by Dijk foar de nedige soargen. "Foar ús mem binne it pittige tiden. Us mem is 88 jier âld. Dat is altyd in risiko dat jo siik wurde kinne. Dat jout wol in ekstra druk."

Winkelbesiker Sytse Dijk kaam krekt nei acht oere

(advertinsje)
(advertinsje)