Kollum: "Applaus foar ús ICT'ers"

23 mrt 2020 - 08:36

"Wa't twa moanne lyn roppen hie dat wy yn maart allegear - hiel Nederlân - thús wurkje soenen, wie foar gek ferklearre. En dochs is it sa gong. Hiel Nederlân wurket fanôf foarige wike út hûs wei. Utsein fansels de saneamde 'cruciale beroepen', lykas de plysje, brânwacht, dokters, susters en de jiskemannen. Beroppen dêr't wy simpelwei net sûnder kinne. Mar op dizze list ûntbrekt wat my betreft ien berop: de ICT'er.

Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Nynke van der Zee

No't elkenien thús wurkje moat, ha de ICT'ers it drokker as ea. Se dûke massaal de foarriedkasten yn om foar elkenien in laptop te regeljen. Der blike lang net genôch laptops te wêzen foar alle meiwurkers en dus helje minsken thús in âld laptop fan souder of wurdt de laptop fan beppe yn beslach naam.

En dan komt it: dan moat der thús mei dy laptop ynlogd wurde. Mar hoe wurket soks? Hoe krijst yn Boelensloane tagong ta de server yn Ljouwert? Dat wurdt hielendal in mission impossible as de laptop fan beppe noch op Windows '96 blykt te draaien. Hoe krijst dat ding sa rap mooglik by de tiid? Dat blykt noch in hiele operaasje, wit ik yntusken út eigen ûnderfining.

Ferline wike ha ik thús in moarntiid dwaande west om alles te ynstallearjen om thús te wurkjen. Yn dy moarntiid ha ik like folle leard as in gemiddelde Informatica-studint yn in healjier. Ik ha in app download mei de namme Embrace Social Intranet. Ik ha Microsoft Authenticator ynstallearre op myn telefoan. Ik ha mobile apps konfigurearre, ik ha de Pulse Secure app delhelle en ik kin by de Terminal Server komme. Freegje my net wat it is of hoe't ik it dien ha, mar it wurket.

Dat wie my lykwols allegear noait slagge sûnder help fan ús ICT'ers. Fia de helpdesk ha ik ferskate fragen maild, mei yn de bylage printscreens fan alle error-meldingen dy't ik sammele hie. En ik hearde fan kollega's dat dy presys itselde dien ha. Mei oare wurden: op de ICT-ôfdieling hat it noch nea sa drok west. En dat jildt fêst net allinnich foar de Omrop. Ek by oare bedriuwen, organisaasjes en ynstânsjes stiet de telefoan op de ICT-ôfdieling readgloeiend. Mei ingele-geduld wurdt elkenien holpen oant de boel it docht.

Ik ha djip respekt foar al dy minsken yn de soarch en fyn it folslein terjochte dat wy dêr lêstendeis foar applaudisearre ha. Mar wat my betreft applaudisearje wy fan 'e jûn om acht oere foar al dy ICT'ers dy't der foar soargje dat wy thús wurkje kinne. Dat wy - nettsjinsteande it coronafirus - dochs sa goed en sa min as dat giet oan de slach kinne. Hulde foar ús ICT'ers. In berop dat krusialer is as ea tefoarren."

(advertinsje)
(advertinsje)