UPDATE: Grutte wettersteuring yn Drachten en omkriten is wer oer

23 mrt 2020 - 07:52

De grutte wettersteuring yn Drachten en omkriten is ferholpen. Dat meldt Vitens. Sûnt moandeitemoarn betiid wie dêr in grutte wettersteuring, wêrtroch't in hiel soad húshâldings gjin of hast gjin wetterdruk op de kraan hiene. De steuring kaam troch in brek yn in wetterlieding.

Wetterlieding - Foto: Pixabay
(advertinsje)
(advertinsje)