Dûmny Harrie Strubbe: "De coronatiid freget om in soad kreativiteit fan tsjerken"

23 mrt 2020 - 07:36

"De coronatiid freget om in soad kreativiteit fan tsjerken." Dat seit dûmny Harrie Strubbe fan de protestantske gemeente Terpoarte. No't tsjerketsjinsten net trochgean kinne, wol Strubbe op de webside fan de tsjerkemienskip alle dagen in bydrage sette. "Ik tink oan in kollum of in meditaasje."

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Sûnt in pear wiken binne de tsjerken ticht. Dat ropt de fraach op, hoe no fierder? Ek dûmny Harrie Strubbe siket mei syn tsjerkemienskip nei kreative wizen om dochs kontakt te hâlden mei de minsken. "Wy sjogge al hiel goeie alternativen, yn de foarm fan digitale tsjerkestjinsten", fertelt Strubbe. "Dat is hiel wichtich yn dizze tiid. Ik tink dat minsken dêr no just ferlet fan ha."

Digitaal aktyf

De protestantske gemeente Terpoarte ûndersiket op dit stuit oft se sels ek online tsjerketsjinsten hâlde kinne. Om no dochs de leden te berikken, jout dûmny Strubbe fan nije wike ôf in digitale nijsbrief út. Dêrmei ferwachtet de dûmny dat er jong en âld berikke sil. "Ik krij best al wol in soad mailtsjes fan tachtigplussers, dus dy binne al wol digitaal aktyf."

Efkes belje

Ek sels nimt Strubbe in soad maatregels yn syn wurk. "Ik bin sels in stik aktiver wurden. Ik belje in hiel soad mei minsken yn plak fan der op besite te gean." Dat smyt Strubbe in soad tiidwinst op. "Yn in telefoanpetear bist folle rapper to the point. Mist fansels wol it eachkontakt. Dat is behelpen. Litst oan de telefoan minder maklik in stilte falle, wylst dat yn in petear wol dochst."

Peaskedagen

Petearen gean benammen oer soargen dy't minsken hawwe. "Minsken fiele har opsletten. Dêr ha wy it dan mei elkoar oer." Ek oer de Peaskedagen binne soargen. Strubbe: "It is hiel nuver dat wy neat dwaan kinne yn de tsjerke mei de Peaskedagen. Dat wurdt in útdaging hoe't wy dat op in goeie wize dochs fiere kinne. Dat freget in soad kreativiteit. Wy hiene dit fansels mei syn alle neat betinke kinnen. Ik tink dat it oantal telefoantsjes de kommende tiid wol tanimme sil. Ek omdat it coronafirus hieltyd tichterby komt, dat ropt ek fragen en ûnrêst op."

Dûmny Harrie Strubbe

(advertinsje)
(advertinsje)