Skoarstienbrân yn Dokkum rap ûnder kontrôle
De brânwacht fan Dokkum moast sneintejûn om healwei âlven hinne yn aksje komme foar in skoarstienbrân oan De Schans yn Dokkum. De brânwacht koe de brân út krije en dêrnei is de skoarstien skjinmakke. Nei likernoch in oere wie it wurk klear. Hoe't de brân ûntstean koe, is net dúdlik.