Liveblog | 23 maart 2020

Coronanijs moandei 23 maart: Tiisdei mear dúdlik oer gefolgen foar skoallen en sport

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus yn Fryslân.
Lêst bywurke: 8 april 2020, 10:59
23:02

Ein fan dit liveblog

Oant safier it liveblog fan moandei 23 maart oer de coronakrisis. Wy sette noch ien kear de belangrykste punten út dit liveblog op in rychje:
Moandei is der in nij liveblog. Dan wurdt ûnder oare bekend wat de útwurking fan de maatregels is foar it ûnderwiis en de sport.
Op de radio begjint om 6.00 oere de útstjoering fan Fryslân Fan 'e Moarn. Dêryn reagearje de organisaasjes fan de Fytsalvestêdetocht en de Slachtemaraton op it net trochgean fan har eveneminten. Fierder bellet presintator Hans Koster mei boubedriuw Friso yn Snits en lânbou-organisaasje LTO Noord oer wat de gefolgen binne foar har sektoaren. Carla Engelsma fertelt oer thúsûnderwiis yn dizze perioade en boargemasters Buma (Ljouwert) en Kramer (Noardeast-Fryslân) fertelle hoe't sy de coronakrisis oanpakke.
22:56

Lyts Sûkerfeest

De nije maatregels fan it kabinet betsjutte ek dat grutte gearkomsten by de ramadan en it Sûkerfeest net tastien binne. De ramadan begjint dit jier op 23 of 24 april en duorret in moanne. Dêrnei folget tradisjoneel it Sûkerfeest, dat faak fierd wurdt mei famylje en freonen. Dat kin no allinnich yn lytsere groepen. "We zijn in overleg met de moskeeën om te kijken hoe we hier nu mee moeten omgaan", seit Said Bouharrou, vicefoarsitter fan de Raad van Marokkaanse Moskeeën Nederland. "We zijn bijvoorbeeld aan het kijken of we de gebeden tijdens de ramadan kunnen livestreamen, zodat mensen vanuit huis mee kunnen doen."
22:32

Maatregels Feriene Keninkryk

Premier Boris Johnson fan it Feriene Keninkryk hat jûn ek nije maatregels oankundige. Minsken moatte dêr thúsbliuwe en winkels moatte ticht. "Ik jou de Britten jûn in hiel ienfâldige opdracht: jo moatte thúsbliuwe", sei er. Boppedat warskôge Johnson dat de plysje hanthavenje sil en boetes útdiele kin.
22:02

Loketten zzp'ers iepen

De earste loketten yn Nederlân dêr't zzp'ers tsjin soepelere betingsten bystân oanfreegje kinne, binne iepen. Net yn alle gemeenten wurdt it jild dizze wike al oermakke oan de zzp'ers. De gemeenten dy't dizze wike al útbetelje, sjitte dat jild foar. Dat krije se letter werom fan it Ryk. "Deze week wordt duidelijk hoe we de ondersteuning van zelfstandige ondernemers landelijk gaan organiseren", seit in wurdfierder fan it ministearje fan Sosjale Saken. "Wij zijn daar intensief over in gesprek met gemeenten. Alles is erop gericht dat gemeenten zo snel mogelijk aan de slag kunnen."
21:56

Maatregels Ljouwerter Lyceum

It Ljouwerter Lyceum fynt it net mear ferantwurde om toetsen ôf te nimmen. "Dit gaan we op een andere manier organiseren: online en mondeling, dat laatste uiteraard digitaal", skriuwe se yn in mail oan de learlingen en âlders. "Er wordt net bekend gemaakt dat minister Slob morgen een besluit neemt over het examen. Daarover volgt dus ook vanuit onze school binnenkort bericht."
It skoalgebou is tiisdei- en woansdeitemoarn iepen, sadat learlingen materiaal ophelje kinne. As it net nedich is om te kommen, moatte learlingen thús bliuwe.
21:31

Guon maatregels dochs noch oant 6 april