Coronanijs moandei 23 maart: Tiisdei mear dúdlik oer gefolgen foar skoallen en sport

23 mrt 2020 - 20:45
  • Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus;
  • Yn Fryslân binne op dit stuit 40 minsken posityf test op it firus;
  • It kabinet hat moandei ekstra maatregels oankundige tsjin de fersprieding;
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

23:02
Ein fan dit liveblog

Oant safier it liveblog fan moandei 23 maart oer de coronakrisis. Wy sette noch ien kear de belangrykste punten út dit liveblog op in rychje:

  • Alle eveneminten en gearkomsten oant 1 juny meie net trochgean;
  • Dat betsjut ûnder oare dat de Fytsalvestêdetocht, de Slachtemaraton en it Oranjewoudfestival skrast wurde;
  • Gemeenten kinne plakken oanwize dêr't minsken net yn groepen byinoar komme meie. En se kinne in boete jaan oan minsken en bedriuwen dy't har net oan de maatregels hâlde;
  • De fjouwer Fryske sikehûzen ha 27 coronapasjinten út Brabân opnommen;
  • Der komt in spesjale lokaasje yn Ljouwert om minsken, benammen soarchpersoniel, te testen op it firus.
  • Yn totaal ha 40 Friezen posityf test op it firus.

Moandei is der in nij liveblog. Dan wurdt ûnder oare bekend wat de útwurking fan de maatregels is foar it ûnderwiis en de sport.

Op de radio begjint om 6.00 oere de útstjoering fan Fryslân Fan 'e Moarn. Dêryn reagearje de organisaasjes fan de Fytsalvestêdetocht en de Slachtemaraton op it net trochgean fan har eveneminten. Fierder bellet presintator Hans Koster mei boubedriuw Friso yn Snits en lânbou-organisaasje LTO Noord oer wat de gefolgen binne foar har sektoaren. Carla Engelsma fertelt oer thúsûnderwiis yn dizze perioade en boargemasters Buma (Ljouwert) en Kramer (Noardeast-Fryslân) fertelle hoe't sy de coronakrisis oanpakke.

22:56
Lyts Sûkerfeest

De nije maatregels fan it kabinet betsjutte ek dat grutte gearkomsten by de ramadan en it Sûkerfeest net tastien binne. De ramadan begjint dit jier op 23 of 24 april en duorret in moanne. Dêrnei folget tradisjoneel it Sûkerfeest, dat faak fierd wurdt mei famylje en freonen. Dat kin no allinnich yn lytsere groepen. "We zijn in overleg met de moskeeën om te kijken hoe we hier nu mee moeten omgaan", seit Said Bouharrou, vicefoarsitter fan de Raad van Marokkaanse Moskeeën Nederland. "We zijn bijvoorbeeld aan het kijken of we de gebeden tijdens de ramadan kunnen livestreamen, zodat mensen vanuit huis mee kunnen doen."

22:32
Maatregels Feriene Keninkryk

Premier Boris Johnson fan it Feriene Keninkryk hat jûn ek nije maatregels oankundige. Minsken moatte dêr thúsbliuwe en winkels moatte ticht. "Ik jou de Britten jûn in hiel ienfâldige opdracht: jo moatte thúsbliuwe", sei er. Boppedat warskôge Johnson dat de plysje hanthavenje sil en boetes útdiele kin.

22:02
Loketten zzp'ers iepen

De earste loketten yn Nederlân dêr't zzp'ers tsjin soepelere betingsten bystân oanfreegje kinne, binne iepen. Net yn alle gemeenten wurdt it jild dizze wike al oermakke oan de zzp'ers. De gemeenten dy't dizze wike al útbetelje, sjitte dat jild foar. Dat krije se letter werom fan it Ryk. "Deze week wordt duidelijk hoe we de ondersteuning van zelfstandige ondernemers landelijk gaan organiseren", seit in wurdfierder fan it ministearje fan Sosjale Saken. "Wij zijn daar intensief over in gesprek met gemeenten. Alles is erop gericht dat gemeenten zo snel mogelijk aan de slag kunnen."

21:56
Maatregels Ljouwerter Lyceum

It Ljouwerter Lyceum fynt it net mear ferantwurde om toetsen ôf te nimmen. "Dit gaan we op een andere manier organiseren: online en mondeling, dat laatste uiteraard digitaal", skriuwe se yn in mail oan de learlingen en âlders. "Er wordt net bekend gemaakt dat minister Slob morgen een besluit neemt over het examen. Daarover volgt dus ook vanuit onze school binnenkort bericht."

It skoalgebou is tiisdei- en woansdeitemoarn iepen, sadat learlingen materiaal ophelje kinne. As it net nedich is om te kommen, moatte learlingen thús bliuwe.

21:27
Tiisdei ek mear dúdlik oer eksamens

Tiisdei wurdt nei alle gedachten in beslút nommen oer it wol of net trochgean fan de skoaleksamens. Dat seit it ministearje fan Underwiis. Ferskate ûnderwiisbûnen rôpen de oerheid al op om de eksamens te skrassen, nei de ferskerpe maatregels fan moandei.

'Gaoatyske situaasje'

Ien fan de maatregels is in ferbod op alle gearkomsten oant 1 juny. Minister Grapperhaus seit dat foar skoallen oare regels jilde. "Alle bijeenkomsten zijn verboden, dan is het toch ondenkbaar dat er deze week leerlingen schoolexamens gaan maken. Dat kun je niet verwachten", seit foarsitter Eugenie Stolk fan ûnderwiisbûn AOb.

De VO-Raad hat it oer in 'gaoatyske situaasje'. "Er is na de persconferentie van het kabinet grote verwarring ontstaan over de vraag hoe een verbod op samenkomsten te verenigen is met het afnemen van toetsen van eindexamenleerlingen", seit de koepel yn in ferklearring.

21:15
'Olympyske Spelen wurde útsteld'

It Kanadeeske IOC-lid Dick Pound hat tsjin de krante USA Today sein dat de Olympyske Spelen fan Tokio útsteld wurde. "It stiet noch net fêst hoe't we fierder geane, mar de Simmerspelen begjinne net op 24 july, dat wit ik wol", seit Pound. "Op basis fan de ynformaasje dy't it IOC no hat, wurde de Olympyske Spelen útsteld." Neffens Pound is de kâns grut dat de Spelen útsteld wurde nei de simmer fan 2021.

21:08
Sportbûnen ferwachtsje gau dúdlikheid

Sportkoepel NOC*NSF en fuotbalbûn KNVB ferwachtsje gau mear dúdlikheid te hawwen oer de nije maatregels fan it kabinet. Alle gearkomsten oant 1 juny binne ferbean, wat betsjut dat trainingen en wedstriden oant dy tiid net trochgean meie.

Tiisdei mear dúdlik

"De sport staat volledig achter de maatregelen die het kabinet treft om de verspreiding van het coronavirus tegen te gaan", seit in wurdfierder fan NOC*NSF. "Wat dit voor de planning van de topsportprogramma's betekent, is ons nog niet duidelijk omdat we nog niet goed weten wat er bijvoorbeeld over sporttrainingsaccommodaties bepaald is. Nu zijn die in ieder geval tot 6 april dicht. We wachten de uitleg en regelingen verder even af. Het zal dinsdag wel helder worden."

De KNVB bepraat tiisdei mei de klups yn it betelle fuotbal oer wat de gefolgen binne foar de kompetysjes. It bûn is al yn petear mei it kabinet oer wat de maatregels betsjutte foar de sport.

20:50
Grutte eveneminten geane net troch

Organisaasjes fan ferskate grutte eveneminten yn Fryslân ha moandei bekend makke dat de eveneminten dit jier net trochgean kinne. Dan giet it ûnder oare om de Fytsalvestêdetocht (1 juny), de Slachtemarathon (13 juny) en it Oranjewoudfestival (29 maaie oant en mei 1 juny).

Trefwurden: 
liveblog coronafirus COVID-19
(Advertinsje)
(Advertinsje)