FIDEO: Kuchelskermen moatte klanten yn Sint-Anne en Stiens ekstra beskermje

22 mrt 2020 - 21:38

By de Albert Heijn yn Sint Anne en Stiens binne saneamde 'kuchelskermen' pleatst. Dizze skermen foarmje net allinnich in barriêre tusken klant en meiwurker, mar ek tusken klanten ûnderling.

"In klant kaam hjir binnen en sei tsjin my: 'Ik ha de oplossing, jim moatte plestik skermen ophingje'", seit Hetty Wassenaar, fan de winkel. "Ik ha der ris oer neitocht, en doe binne wy de oare deis drekst los gien."

Foardat de Albert Heijn lanlik regele hie dat der oeral skermen kamen, wiene de winkels yn Sint Anne en Stiens dus al fersjoen. De skermen hingje net allinnich tusken kasjêre en klant, mar ek tusken de kassa's yn. Sa wurde de klanten ekstra beskerme.

"As it even kin dogge wy om en om" seit Wassenaar "dus ien kassa iepen, en de kassa derneist ticht. Wy hawwe hast nea twa kassa's neist inoar iepen, mar as dat yn ferbân mei de drokte dochs moat, dan hingje der no dus de skermen. Dizzen sjochst allinnich yn Sint Anne en yn Stiens, en sy befalle poerbêst", seit Wassenaar.

(advertinsje)
(advertinsje)