Minsken geane no massaal de natuer yn, en dat is foar de natuer ek net goed

No't musea, kroegen en bioskopen ticht binne, geane minsken massaal de natuer yn. Natuurmonumenten docht in driuwende oprop oan eltsenien om thús te bliuwen. It is foar minsken en bisten better om net mei safolle tagelyk de natuer yn te gean.
FIDEO: Bliuw mar Thús
Yn Fryslan is it ek in stik drokker yn de natuergebieten. Steatsboskbehear sjocht in protte ekstra kuierders, bygelyks yn de bosken fan Oranjewâld, Bakkefean en Gasterlân.
"Het is een kwetsbare periode nu. Het is broedseizoen. Je hebt grondbroeders zoals de wilde eend en de fazant, er zijn zwangere reeën of bijvoorbeeld hazen die jongen hebben", seit Manon van Wesel fan Steatsboskbehear.
"Deze dieren zijn allemaal heel afhankelijk van de plekken waar mensen niet mogen komen, want ze hebben rust nodig."
Steatsboskbehear docht net deselfde oprop as Natuurmonumenten. Se sille minsken net ferbiede om harren natuergebieten op te sykjen, mar se dogge wol de oprop oan eltsenien om har oan de rjochtlinen fan it RIVM te hâlden.
Dat betsjut dat minsken net yn grutte groepen op 'n paad gean moatte en dat se, ek yn de bosken, oardel meter ofstân hâlde moatte fan inoar.
"Grote groepen zien nog steeds. We zien dat ze elkaar ontmoeten op de parkeerplaats, en elkaar enthousiast begroeten. Ook zien we dat meer mensen wandelen op stukken waar ze eigenlijk niet mogen komen, misschien wel omdat het drukker is op de wandelpaden. Dat is voor ons heel vervelend om te zien."