Foaroansteand mikrobiolooch: "Dan maar een lockdown"

Dat minsken har net goed oan de oardel meter ôfstân hâlde, dy't it kabinet oplein hat, soe der foar pleitsje kinne om "dan in godsnaam maar een 'lockdown' in te voeren". Dat seit mikrobiologe Anne-Marie van Elsacker. "Dan kun je afdwingen dat mensen zich aan de regels houden", seit se.
© ANP
Krekt omdat ek minsken dy't noch gjin sykteferskynsels hawwe, it coronafirus wol ferspriede kinne, is dy oardel meter ôfstân hiel wichtich, seit Van Elsacker. Minsken dy't besmet binne en sykteferskynsels hawwe, hoastje en proeste en ferspriede sa it firus. Mar minsken dy't al besmet binne, mar noch net de ynfeksje hawwe, kinne it firus middels de azem ferspriede.
Anne-Marie van Elsacker is arts en mikrobiolooch, by it Ljouwerter ûndersykssintrum Izore. Se hat it op it stuit smoardrok, seit se yn it radioprogramma Buro de Vries.
Anne-Marie van Elsacker © Izore
Anne-Marie van Elsacker: "Alles staat nu in het teken van de uitbraak"
Van Elsacker hâldt har dwaande mei bakteariën en firussen. "Op dit moment zijn we alleen nog maar bezig met dit coronavirus. We doen diagnostisch onderzoek en we ondersteunen in de ziekenhuizen" sa fertelde se yn it radioprogramma Buro de Vries.
It coronavirus dat de sykte Covid-19 feroarsaket is ien fan de coronafirussen dy't der bestean. Oant 2003 wie der yn de medyske wrâld net in soad omtinken foar coronafirussen, omdat de ferkâldens dy't in coronafirus feroarsaket eins noait hiel earnstich is.

SARS

Yn 2003 krige Sina te meitsjen mei SARS, in sykte dy't ek troch in coronavirus feroarsake wurdt. Fan dat momint ôf is der wol mear belangstelling foar coronafirussen. It nije coronafirus, SARS-CoV-2, is nei alle gedachten fia flearmuzen yn de minsk telâne kommen. Miskien troch tuskenkomst fan in oare 'gasthear', mar dat is noch net bekend.
Neffens Anne-Marie van Elsacker binne de hygiëne-regels dy't ôfpraat binne, hiel goed en belangryk. Mar it risiko dat it firus fia de hannen yn ús lichem komt, is folle lytser as it risiko dat it firus binnenkomt troch de loft.

Fersprieding

Minsken dy't siik binne troch it coronafirus kinne it ferspriede troch de lytse wetterdieltsjes dy't se útstjitte as se hoastje of prúste. It firus hat him oan dy wetterdieltsjes hechte en omdat it der in hiel soad binne, is de kâns ek hiel grut dat se oare minsken besmette.
As it firus ienris yn in lichem sit, dan moat it him noch wol fermannichfâldigje foardat der in ynfeksje plak fynt. Yn dy tiid kin de besmette persoan oare minsken oanstekke, sûnder dat er sels yn 'e gaten hat dat er siik is.
Omdat er noch net siik is en noch net hoastet, sil er net mei in hiel soad kracht de wetterdieltsjes útstjitte. It firus komt dan fia it gewoane sykheljen yn 'e lucht. Minsken dy't tichtby stean, pikke sa it firus op. De ôfprate regel om oardel meter ôfstân te hâlden is krekt dêrom fan grut belang en de belangrykste 'leefregel' dy't wy op dit stuit hawwe.