Brieven út de oarloch: "Ik tocht earst dat it in grap wie"

Hy tocht dat it in mislearre grap wie. Mar Harry Lezer krige begjin dit jier wier de brieven te lêzen, dy't syn mem Mary Lezer-Schwaab 77 jier ferlyn stjoerde út de Hollandsche Schouwburg yn Amsterdam wei. Harry syn âlden, Mary en Jozef, binne yn Auschwitz om it libben brocht. Sels oerlibbe er de oarloch yn Fryslân.
© Famyljefoto
Tekst Martijn van Dijk
As Monique van der Meulen út Haarlem net betocht hie om mei help fan de sosjale media it ferbliuwplak fan Harry Lezer op te sykjen, dan hie Harry noait de brieven fan syn mem ûnder eagen hân. "Een van de weinige tastbare herinneringen aan mijn moeder", konstatearret er. Harry wennet al sûnt 1951 yn Australië en brûkt syn oarspronklike namme Herman net mear.
Yn in skype-gesprek fertelt er hoe't er yn earste ynstânsje net iens reagearre op de mail út Nederlân. "Ik dacht eerst dat het een scam was."
© -
Begjin jannewaris krige er in berjocht fan Monique van der Meulen. Sy skreau dat se brieven fan syn mem yn har besit hie. Dy kamen út de neilittenskip fan har famylje. Pas neidat Monique kontakt opnaam mei Harry syn dochter Alaina en sy him belle, krige Harry pas goed yn 'e gaten wêr't it eins om gong. Brieven dy't syn eigen mem skreaun hie.

Mary en Jozef

Mary Lezer-Schwaab skriuwt trije brieven yn de perioade dat se finzen siet yn de Hollandsche of ek wol Joodsche Schouwburg. Se rjochtet de brieven oan har kunde: de famylje Van der Meulen. Se freget om iten op te stjoeren foar har soantsje Herman en harsels. Mary sit yn de skouboarch, yn ôfwachting fan deportaasje. Herman sit, krekt as alle Joadske bern ûnder de 13 jier, yn de kresj dêrtsjinoer. Heit Jozef is al earder oppakt en nei Westerbork brocht.

Brieven

De earste brief datearret fan 29 july 1943. Twa dagen letter, op 31 july, skriuwt Mary: 'Beste familie. Hartelijk dank voor het ontvangen pakket. Indien mogelijk, wil dan zoo vriendelijk zijn nog iets te sturen. Vele groeten Herman en Mary.'
© Famyljefoto
Yn har lêste brief skriuwt se dat se ûnderweis is nei Westerbork en oft de famylje Van der Meulen dêr wat lekkers hinne stjoere wol. Yn Westerbork komme Mary en Jozef wer byinoar. Op tiisdei 24 augustus 1943 gean Jozef en Mary nei Auschwitz. Se wurde dêr trije dagen letter fermoarde. Herman sit dan al feilich by de famylje Jansma yn Haskerhoarne.

Fier fuort, mar yn syn hert

Yntusken wennet Harry al hast santich jier yn Australië. Mar Fryslân is er noait ferjitten en hy hat al mear as tweintich kear werom west, mei bern en bernsbern. Fanwege syn sûnens kin er de reis nei it heitelân no net mear meitsje. Dat spyt him gigantysk. Fryslân fielt foar him as thúskommen, seit er. En syn Fryske pleechfamylje Jansma sit yn syn hert.

Miljeu

De lytse Herman dy't yn 1943 ûnderdak krijt by de Jansma's, komt út in hiel oar miljeu. It iennichst bern fan Mary en Jozef wurdt berne op 22 maart 1939 yn Amsterdam. Hy hat in grutte famylje, dy't ferspraat wennet oer Grinslân en Amsterdam. Heit hannelet yn twaddehâns meubels. Harry tinkt dat se dêrom de net-joadske famylje Van der Meulen kenne. Dat binne nammentlik meubelmakkers.
As syn âlden yn Auschwitz omkomme, wennet Herman al in pear wike op de buorkerij fan de famylje Jansma. Hy is út de kresj tsjinoer de skouboarch smokkele. Wa't dêrfoar ferantwurdlik wiene en wa't him nei Fryslân brocht hawwe, wit er net.

Broer

Der wie yn alle gefallen in goede dekmantel regele. Hy waard Herman Julius Oostwald, in 'evakueetje' út it bombardearre Rotterdam. By heit en mem Jansma en syn pleechbroers en -susters hat Herman in geweldige tiid. Hy giet net nei skoalle, mar op en om de pleats is genôch te belibjen. De húshâlding betinkt ek in nije tapaslike namme foar harren nije bruorke: Broer.
Heit Symen Jansma sit yn it ferset, de pleats wurdt brûkt foar wapenopslach en der sitte ûnderdûkers. Nettsjinsteande it gefaar wurdt Broer/Herman leafdefol opnommen. Twa kear komme de Dútsers del, mar beide kearen giet it goed.
Harry Lezer © Eigen foto
As yn 1945 de oarloch ôfrûn is, bliuwt it stil om Herman hinne. Net folle famyljeleden hawwe it oerlibbe. Allinnich in broer fan syn mem en dy syn húshâlding. In pear moanne nei de befrijing helje se Herman op en nimme him mei nei Amsterdam. It ôfskie falt him swier. De famylje hie him ek graach hâlde wollen. Hy komt geregeld werom nei de pleats en syn Fryske famylje komt ek yn Amsterdam op besite. Mar yn 1951 emigrearret de húshâlding nei Australië en Harry giet mei.

Australië

Harry groeit fierder op yn Australië. Letter trout er en krijt er bern en bernsbern. Yn 1979 komt er foar it earst werom yn Fryslân. In ûnferjitlik en emosjoneel wjersjen. Harry is de Jansma's tankber foar wat se foar him dien hawwe. "Toen ik heit in 1979 vroeg waarom hij het allemaal had gedaan, antwoordde hij: "Dat was mijn christelijke plicht." Als ik daaraan terugdenk, word ik nog steeds emotioneel."
Monique van der Meulen hopet de brieven fan Mary oan Harry te oerlangjen. It plan wie om ein april nei Australië te reizigjen. Mar oft dat yn de hjoeddeiske sitewaasje trochgean kin, is de fraach.
Harry hopet snein 22 maart 81 jier te wurden. Hy barst fan libbenslust mar moat it rêstichoan dwaan fanwege syn sûnens. De dokters advisearje him om gjin fiere reizen te meitsjen. "Dan zou ik misschien niet meer levend terugkomen, zeggen ze. Maar aan de andere kant zou ik dat niet eens erg vinden. Ik ben stapelgek op Friesland. Als ik daar sterf, is het goed."
'De terugkeer van de Joodse kinderen' fertelt de ferhalen fan Joadske bern, dy't yn de oarloch yn Fryslân ûnderdûkt sitten hawwe. It is in mienskiplik projekt fan Stichting de Verhalen, Tresoar, Omrop Fryslân, de Leeuwarder Courant en it Friesch Dagblad.