Twa nije besmettings mei corona fêststeld

22 mrt 2020 - 12:29

Der binne wer twa nije coronagefallen konstatearre, meldt de GGD. De minsken komme net út ien en deselde gemeente. Dêrmei stiet it totaaltal fêststelde besmettingen no op 36. De GGD ûndersiket op 't heden mei wa't de besmette minsken kontakt hân hawwe.

Foto: Omrop Fryslân

Yn werklikheid binne der mear besmettingen, seit de GGD, mar yn Fryslân wurde inkeld sike en kwetsbere minsken en soarchmeiwurkers test.

Trefwurden: 
Corona COVID-19
(advertinsje)
(advertinsje)