FIDEO: In serenade foar frou Kuperus: sa fiert sy dochs noch har jierdei

Se stienen mei flaggen foar de ruten en brochten har in echte serenade. Sa koe frou Kuperus fan Noorderbreedte State De Parrebeam yn Sint-Anne har jierdei dochs noch fiere yn tiden fan it coronafirus. Nei har knipperke waard se ferrast troch de hiele famylje. Sy stienen bûtendoar foar frou Kuperus te sjongen, om 't se troch it coronafirus net mear by har op besite komme meie.
De fideo is makke troch Gea Oevering:
VIDEO: Verjaardag mevrouw Kuperus