De oarloch yn Fryske foto's: "In feilige haven"

22 mrt 2020 - 10:49

Besetting of net, it deistich libben giet troch. Dochs skimeret de oarloch tusken 1940 en 1945 wol dúdlik troch yn it libben fan alle dagen. Der is krapte oan fan alles: enerzjy, iten, klean. Produkten komme op de bon en der ûntstiet ruilhannel en yllegale ferkeap. Alle sneonen en sneinen tusken 7 maart en 5 april binne der by Omrop Fryslân byldferhalen te lêzen oer de Twadde Wrâldoarloch, yn it ramt fan it projekt De Tweede Wereldoorlog in 100 foto's.

Hongerevakuees op de Grote Bredeplaats yn Harns - Foto: Griet de Jong (Tresoar, Fries Fotoarchief)

De bern yn dizze wein oan de Grote Bredeplaats binne hongerevakuees. Fanwege de Hongerwinter binne de bern fan de Rânestêd nei gastâlden yn Harns brocht, en yn july 1945 meie sy werom nei harren echte âlden. Yn 1969 skreau H. Holtzen-Möller oer dizze tiid: "Vijfentwintig jaar geleden vroeg de IKO (Interkerkelijke organisatie) hulp om kinderen uit Holland naar Friesland te brengen. Holland had geen eten, verwarming, dekking, kleding meer; alles had men ingeruild voor voeding. Men wilde de jeugd, de Hollandse kern, sparen voor de toenmalige plannen van onze oosterburen: honger, dood."

"Niet bang, blij te kunnen helpen"

Sy wie dêr doedestiids as jonge ferpleechster by belutsen. "Er werd 's avonds in een beestenwagen gereden. Waar vijf koeien konden staan, konden dertig kinderen onder de zeven jaar liggen. Langs binnenwegen brachten de moeders uit de grote steden Rotterdam, Den Haag e.a. hun kinderen in de richting van Gouda-Zoetermeer. Verder in het donker over eindeloze Hollandse dijken, Afsluitdijk, Harlingen. Een neef van Moeder (Henri Witte) hielp de kinderen bij Friese boeren onderbrengen. Prachtmensen, niet bang, blij te kunnen helpen." Neffens Holtzen-Möller hat de lêste rit yn jannewaris 1945 west.

It hie fertuten dien, die nei de oarloch bliken. "Er was een jongetje van drie jaar, die op de heenreis negen pond woog, en als een beer terug ging naar Rotterdam."

Stedsgesicht op Ljouwert yn 1941 - Foto: Foto: J.D. de Jong (Leeuwarder Courant)

Propagandatoer

Op dit bekende stedsgesicht fan Ljouwert toant de besetting syn oanwêzigens. Sjoch mar ris ûnder de klok fan de Aldehou, dêr hinget in spandoek. Dêrop stiet de tekst: "V = Victorie want Duitschland wint voor Europa op alle fronten." It is propaganda, delhong as reaksje op it 'V for Victory' fan de Britske premier Winston Churchill.

Ek stiet der boppe-op de brike toer in lyts bouseltsje. Dat is in útkykpost foar de Luftwaffe. Fan de toer ôf kinne de Dútsers goed yn de gaten hâlde wat der om de Fliegerhorst hinne bart, it fleanfjild krekt bûten de stêd. Beneden op de dyk binne wite stoeprânen te sjen. Dêrmei kinne de Ljouwerters op jûntiid harren wei noch wat fine, nettsjinsteande de ferplichte fertsjustering.

Frou Sytema mei trije ûnderdûkers - Foto: Fries Verzetsmuseum

Janke Sytema-Visser (1904-1970) fan Wergea posearret mei trije ûnbekende ûnderdûkers op it gers. Sy is de frou fan Pieter Sytema, in bekende fersetsman. De famylje is yn de tiid fan de besetting wichtich yn it Fryske ûnderdûknetwurk. Sy soargje foar it opfangen fan ûnderdûkers en helpe fleaners dy't delkommen binne om te ûntkommen. Janke wurdt troch harren 'mem' neamd.

Ien fan dy fleaners is Erwin Bevins. Hy heart by de bemanning fan in Amerikaanske bommewerper. Dit fleantúch stoart op 22 desimber 1943 del op it tsjerkhôf fan Murns. Mei in parasjute komt Bevins del yn de Rysterbosk. Mei help út Wergea kin de Amerikaanske fleaner nei Deventer útnaaie. Dêr kin hy de befrijing fiere.

Ek Janke en har man helje 1945. Mar yn de oarloch is Janke har man martele en mei in groep oare Wergeasters nei in konsintraasjekamp brocht. Hy kaam as in brutsen man werom en njoggen jier nei de oarloch ferstoar hy.

Paadwizers yn Harns op de hoeke Foarstrjitte-Sint Jacobsstrjitte - Foto: Fries Verzetsmuseum

Ut dizze paadwizers docht wol bliken dat de Dútske besetter yn Harns is. De pylken steane op de hoeke fan de Foarstrjitte en de Sint Jacobsstrjitte. Harns is as Fryske havenstêd in wichtich plak yn de rûte tusken Amsterdam en Ljouwert.

Jiskewein mei hynder - Foto: Foto: F.W. Scholte (Tresoar)
(advertinsje)
(advertinsje)