Coronanijs snein 22 maart: Wurk op intensive care is 'heftig en intens': "We kunnen niet zomaar naar het toilet"

22 mrt 2020 - 22:24
  • Yn dit liveblog melden we it lêste nijs oer it coronafirus;
  • It sikehûs MCL seit dat der sprake is fan 'in akút tekoart' oan mûlekapkes;
  • In foaroansteand mikrobiolooch seit dat der in 'lockdown' komme moat, as we ús net oan de regels hâlde;
  • Neffens de sifers fan de GGD is by 36 Friezen it firus konstatearre, en ien Fryske pasjint is der oan ferstoarn;
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

22:24
Ein fan dit liveblog

Oant safier it liveblog fan snein 22 maart oer de coronakrisis. Wy sette noch ien kear de belangrykste punten út dit liveblog op in rychje:

  • It sikehûs MCL seit dat der in akút tekoart is oan mûlekapkes;
  • Ljouwerter stedswachten ha optreden tsjin tsientallen minsken dy't de coronamaatregels negearren;
  • In foaroansteand mikrobiolooch seit dat der in 'lockdown' komme moat, as we ús net oan de regels hâlde;
  • De Telegraaf meldt op basis fan boarnen dat it kabinet neitinkt oer it sluten fan de winkels;
  • Minsken út Brabân komme nei Fryslân om de coronakrisis te ûntflechtsjen;
  • It wurk op de intensive care is 'heftig en intens';
  • Beskermjende klean fan ambulânsemeiwurkers binne 'te krap, te waarm, en belemmerje it sykheljen';
  • Neffens de sifers fan de GGD binne der 36 Friezen besmet mei it firus.

Moandei is der in nij liveblog. En op de radio begjint om seis oere de útstjoering fan Fryslân Fannemoarn. Dêryn fertelt deputearre Sietske Poepjes hokker maatregels de provinsje nimt, om de kulturele sektor oerein te hâlden. En presintator Hans Koster bellet ek mei dûmny Harrie Strubbe, dy't no net mear preekje kin fanwege it firus.

21:18
"Eins hiene we hope dat de GGD de mûlekapkes earlik ferdiele soe"

Der binne hiel wat yndividuele aksjes fan soarchynstellingen dy't ferlet ha fan mûlekapkes. Dat seit Conchita den Oude, dy't wurket by wensoarchsintrum De Herbergier yn Harns. Dêr ha se ek in tekoart.

"Eigenlijk hadden we gehoopt dat dit landelijk opgepakt zou worden, of per provincie", seit se. "Dan kan het daar ingezameld worden, en dan eerlijk verdeeld."

Bewenners fan ferpleechhûzen meie gjin besite mear krije, om fierdere fersprieding fan it coronafirus foar te kommen. Dat is hurd oankaan yn Harns.

Foto: Omrop Fryslân
20:31
Beskermjend pak oan yn de ambulânse: "Het zit te krap, het is te warm en het ademen wordt belemmerd door het mondmasker"

It wurk op de ambulânse is no oars as oars. Dat meldt Wim Poelstra op facebook. Hy wurket yn it MCL, en rydt as ferpleechkundige op de ambulânse. Dat moat no mei beskermjende klean. Hy beskriuwt hoe't it der oan ta giet, as er in melding krijt fan ien dy't mooglik besmet is mei it coronafirus.

"Nu de rits nog niet volledig dicht. Het werken in dit pak is namelijk verschrikkelijk. Het zit te krap het is te warm en het ademen wordt je belemmerd door het mondmasker. De bril beslaat door de opstijgende warmte uit het masker."

Foto: ANP

"Je bedenkt wat je wel of niet aan kan raken, want dat moet allemaal weer gedesinfecteerd worden", seit Poelstra. Hy moat achterôf goed betinke wat er allegearre brûkt hat, en dat falt noch net ta.

Poelstra seit dat er earst sels ek wat lakonyk die oer it firus, mar dat is yntusken wol feroare. "Als iedereen zich aan de regels van de regering houdt, dan kunnen we het virus misschien zo snel mogelijk verbannen, en hoeven verdere restricties niet uitgevoerd te worden. Dan kunnen alle zorgverleners hun werkzaamheden weer uitvoeren zoals ze dat het liefste doen."

19:52
Follybalbûn set punt achter earedifyzjeseizoen: "Sport is bijzaak geworden"

Der is in ein kaam oan it follybalseizoen. Dat meldt it Nederlânsk follybalbûn Nevobo. "Gezien de huidige situatie in Nederland en de wereld is dit de enige logische uitkomst, waardoor alle betrokkenen de duidelijkheid krijgen die ze verdienen."

It follybalbûn meldt dat der dit jier gjin kampioen komt. De froulju fan VC Snits stiene op it fjirde plak yn de kompetysje.

Lieze Braaksma fan VC Snits - Foto: www.orange-pictures.nl

"De ontwikkelingen van het coronavirus blijven elkaar snel opvolgen en de impact op de maatschappij is op dit moment nauwelijks te overzien", meldt it follybalbûn. "Sport is terecht een bijzaak geworden. De tijd en aandacht die er nu is moet worden besteed aan het bestrijden van de huidige crisis en de gevolgen daarvan."

Earder hat it basketbalbûn ek al besletten om de kompetysje te skrassen.

19:32
Frou út Brabân flechte nei Fryslân: "Het voelde niet goed om te blijven. Het is doodeng."

Minsken út Brabân komme nei Fryslân, om de coronakrisis te ûntflechtsjen. Dat meldt Omroep Brabant. Dy omrop hat praat mei de 42-jarige Ramona Kanters, dy't no yn in Frysk fakânsjepark sit.

Ramona Kanters - Foto: Omroep Brabant

"Het voelde niet goed om te blijven. Het is doodeng." Se is net de iennige dy't dizze kant op kaam is. "Het zit hier vol met Brabanders, zeker zestig procent. Allemaal zwakken en ouderen die op deze manier het virus proberen te ontlopen."

Kanters hat in auto-ymmúnsykte. Se tinkt dat it NL-alert dat earder hjoed ferstjoerd waard in lêste warskôging is, en dat Nederlân gau yn 'lockdown' gean sil. "Ik maak me zorgen om die gekken die buiten lopen. Ik ben een moeder van 42 met twee jonge kinderen. Ik wil ze op zien groeien. En dat komt door zo'n klein groepje idioten alsnog in gevaar. Je redt mensenlevens door nu thuis te blijven!"

18:29
Wurk op 'corona-unit' is 'heftig en intens': "We kunnen niet zomaar wat eten of naar het toilet"

Ferpleechkundigen dy't coronapasjinten behannelje, kinne net samar wat ite, of nei it húske. Dat seit in ferpleechkundige, dy't yn ien fan de noardlike sikehûzen op de intensive care wurket, tsjin Omrop Fryslân. Yn har sikehûs binne meardere pasjinten besmet mei it coronafirus.

"Ik zit nu op de 'corona-unit'. Dat houdt in: veel omkleden; uren lang compleet ingepakt werken inclusief mondmasker en spatbril; niet zomaar kunnen eten of naar het toilet omdat we erg zuinig moeten zijn met materialen en dus niet 'zomaar' het beschermingspak uit en mondmasker af mogen doen; nu al ontvellingen op de handen van het vele handen wassen en de handenalcohol; en zere oren en huidirritaties van de maskers en spatbrillen.

Foto: ANP

Dat wat it sikehûspersoniel trochmakket is neat yn fergelyk mei it leed fan de pasjinten. Dy lizze 'moederziel alleen' op de ôfdieling. Deasiik. Besikers meie der net komme, behalve as de pasjint echt terminaal is. "Geen laatste knuffel, geen laatste kus. Het zal je vader, je moeder of je partner maar zijn die daar ligt!"

"Het zal jouw partner maar zijn, waar jij niet bij mag kijken, waarvan je alleen via telefonisch contact met de arts of verpleegkundige kunt horen hoe het gaat... 'In voor en tegenspoed' wil je er voor elkaar zijn, maar het kan en mag niet vanwege dat rotvirus."

De ferpleechkundige ropt minsken op om de maatregels fan it kabinet te respektearjen. "Onvoorstelbaar en onbegrijpelijk om te zien dat zoveel mensen alsnog gezellig samenblijven komen, mensen die denken onoverwinnelijk te zijn. Of mensen die hier gewoon helemaal niet over nadenken."

"De patiëntenzorg op zich is (nog) prima te doen, maar de omstandigheden maken het wel een stuk zwaarder. Evenals de onzekerheid wat nog gaat komen, dit is voor ons nog maar het begin. Over een paar dagen liggen wij waarschijnlijk ook helemaal vol... Wij kunnen dit, maar het is wel heel heftig en intens."

17:51
Telegraaf: "Kabinet overweegt winkels te sluiten"

De regearing tinkt nei oer it sluten fan 'net-essinsjele' winkels, om de fersprieding fan it coronafirus fierder yn te damjen. Dat meldt De Telegraaf op basis fan 'bronnen bij het kabinet.'

Foto: ANP

De Telegraaf meldt dat in strjitferbod, sa-as yn Italië en Frankryk, dêr't minsken mar ien kear deis by nei bûten meie om te boadskipjen, net oan de oarder is.

Earder hjoed melde de NOS dat der hjoed gjin nije maatregels ferwachte wurde, op basis fan in wurdfierder fan it ministearje fan Folkssûnens. "Het huidige beleid blijft van kracht. 'En we roepen weer op om op allerlei manieren die anderhalve meter afstand te respecteren', zegt een woordvoerder van het ministerie."

16:45
Foaroansteand mikrobiolooch: "As we ús net oan de regels hâlde, moat der in 'lockdown' komme"

Dat minsken har net goed oan de oardel meter ôfstân hâlde, dy't it kabinet oplein hat, soe der foar pleitsje kinne om "dan in godsnaam maar een 'lockdown' in te voeren". Dat seit mikrobiologe Anne-Marie van Elsacker. "Dan kun je afdwingen dat mensen zich aan de regels houden", seit se.

Foto: ANP

Anne-Marie van Elsacker: "Dan in godsnaam maar een lockdown!"

"Als iedereen zich zou gedragen", seit Van Elsacker, "dan zou het puur theoretisch misschien niet hoeven, maar het kan zijn dat de praktische realiteit maakt dat we het toch moeten doen."

16:26
Tsientallen minsken negearje coronamaatregels: "Een zeer onverantwoorde situatie"

Stedswachten ha yn Ljouwert optreden tsjin tsientallen minsken dy't har net oan de coronamaatregels holden. Dêr wiene meardere meldingen oer binnenkaam, meldt de stedswacht.

Neffens de stedswacht wie der sprake fan "een zeer onverantwoorde situatie". Yn it skatepark stiene tsientsallen minsken yn groepsferbân by mekoar, de measten op in ôfstân fan minder as oardel meter.

Stedswachten ha de oertreders 'dringend verzocht' om it skatepark te ferlitten.

15:20
In achtbaan fan emoasjes yn de ambulânse: "Applaus, maar ook waarschuwingen voor wat gaat komen"

Foar de tredde dei op rige binne der hjoed ambulânses út it Noarden nei Brabân riden om coronapasjinten dizze kant út te heljen. Neffens de minsken fan de ambulânse is dat in yndrukwekkende reis.

"We krijgen applaus en waardering van onze collega's uit Brabant, die onder de indruk waren dat we massaal kwamen om te helpen, maar ook waarschuwen dat we voorbereid moeten zijn op wat komen gaat. Dit raakte ons."

"We krijgen applaus en waardering van onze collega's uit Brabant, die onder de indruk waren dat we massaal kwamen om te helpen, maar ook waarschuwen dat we voorbereid moeten zijn op wat komen gaat. Dit raakte ons."

De emoasjes fan pasjinten en famyljeleden komme ek oan. Se nimme minsken mei nei de oare kant fan it lân, en de famylje wit net oft se him wol wer werom sjen sille, seit ien fan de ambulânseminsken, "Een achtbaan van emoties, maar we zouden morgen weer gaan als het moet."

Trefwurden: 
liveblog coronafirus COVID-19
(advertinsje)
(advertinsje)