FIDEO: Berltsumer muzykferiening fleuret âlderein Berlingastate op

21 mrt 2020 - 20:51

It binne drege tiden foar in hiel soad minsken mar ien groep hat it noch efkes wat dreger. De âlderein yn ferpleechhuzen. Sy sitte al yn de isolaasje. Mar se wurde net fergetten. De muzykferiening OpMaat fan Berltsum wol de bewenners fan âldereintehûs Berlingastate witte litte dat der oan harren tocht wurdt. Dus de toeters en bellen sammelen fan 'e moarn op it parkearterrein. Netsjes op oardel meter fan inoar spilen se foar de âlderein.

Sjoch hjirûnder nei in reportaazje fan it barren:

(advertinsje)
(advertinsje)