De oarloch yn Fryske foto's: "Auto's op hynders en gas"

Besetting of net, it deistich libben giet troch. Dochs skimeret de oarloch tusken 1940 en 1945 wol dúdlik troch yn it libben fan alle dagen. Der is krapte oan fan alles: enerzjy, iten, klean. Produkten komme op de bon en der ûntstiet ruilhannel en yllegale ferkeap. Alle sneonen en sneinen tusken 7 maart en 5 april binne by Omrop Fryslân byldferhalen te lêzen oer de Twadde Wrâldoarloch, yn it ramt fan it projekt De Tweede Wereldoorlog in 100 foto's.
In wein rydt op gas, fan de firma H. Smit yn Harns © Tresoar
It liket suver wol oft der in seppelin oan de Noardeastersingel yn Harns parkearre stiet, mar it is de auto fan Hermanus Smit (1892-1956). Smit stiet oan it haad fan firma H. Smit, vetsmelters, hy is keapman yn fetten. Hy sil de auto grif brûke foar syn hannel. Smit keapet de auto om 1920 hinne, yn deselde tiid dat hy syn Harnzer smoarraanderij opset. In lytse tweintich jier letter brekt de Twadde Wrâldoarloch út. Dêrtroch ûntstiet in benzinetekoart. Wat der noch is oan brânstof, is bestimd foar de Dútske besetter.

Ynventyf autoride

Autobesitters wurde lykwols ynventyf en dat makket dat guon auto's en bussen yn de oarloch op gas ride. Minsken montearje gasgeneratoaren op auto's dy't mei koalen, hout of sels turf stookt wurde. Sadwaande ferskine ditsoarte oplossingen op strjitte: auto's mei grutte ballonnen der boppe-op. Sy meie allinne de dyk op nei tastimming fan de ryksynspekteur foar it ferkearswêzen.
Henk de Lange by de 'Mauer-muorre' oan de Oeriselskestrjitwei © Famylje De Lange (Historisch Centrum Leeuwarden)
De molkestaking yn april-maaie 1943 is miskien wol in kearpunt yn de oarloch. Massaal lizze Friezen it wurk del en langsemoan feroaret de hâlding tsjinoer de Dútsers. De besetter is lykwols net blyn en fersteviget de greep op de mienskip troch oanfierdiken ôf te sluten. Dat bart ek yn Ljouwert.

Mauer-muorre

Der wurde objekten dellein om de dyk ticht te setten: grutte blokken fan beton, fan goed twa meter heech en breed. Der tusken yn is in trochgong, dy't goed yn de gaten hâlden wurde kin. Ljouwerters neame de line fan obstakels de 'Mauer-muorre.' De blokken steane by de Grinzerstrjitwei, de Oeriselskestrjitwei, de Lekkumerwei en de Harnzerstrjitwei.
De lytse Henk de Lange fan Huzum boartet yn 1943 mei in autoke njonken de 'Mauer-muorre.' Dizze muorre slút de Oeriselskestrjitwei ôf. De obstakels bliuwe noch twa jier stean. As de Kanadezen yn april 1945 komme, brekke sy de muorre wer ôf.
In Ljouwerter jiske-auto op hynstekrêft © Leeuwarder Courant (Historisch Centrum Leeuwarden)
Net alle minsken hawwe de middels om harren auto's op gas ride te litten lykas fetkeapman Smit. Dêrom helje guon minsken âlderwetske hynstekrêft út 'e kast. Dizze foto toant in jiskewein fan de gemeente Ljouwerteradiel. Yn 1936 wie de gemeente grutsk op de oanskaf fan dizze Ford V8. Mar om't der nei de Dútske ynfal min oan benzine te kommen is, moat de gemeente oergean ta in needsprong: hynders foar de motorkap. De foto is makke yn de Gymnasiumstrjitte yn Huzum, nei alle gedachten yn 1941.
De klokken fan Wytgaard lizze klear foar fertrek © Fries Verzetsmuseum

Klokkerôf

It is stil yn Wytgaard. En dat bliuwt it foarearst ek. De trije tsjerkeklokken út 1875 fan de Maria Himelfeart-tsjerke yn Wytgaard steane kreas op in rige. De besetter hat in drastysk beslút nommen: tsjerkeklokken foarderje. Sy wurde omsmolten om der wapenark fan te meitsjen. De oarlochsyndustry yn Dútslân hat ferlet fan metaal om de produksje op peil te hâlden. Fan de klokken fan brûns wurde benammen kanonnen makke.
Yn 1944 wurde de swiere klokken út de toer fan Wytgaard helle en nei Dútslân ta brocht. De roomsk-katolike tsjerke moat it jierren sûnder klokken dwaan. Mar, in bekend sechje yn de oarloch is: "Wie met Gods klokken schiet, die wint de oorlog niet." En sa gie it. Lang om let komme der nije klokken yn Wytgaard, yn desimber 1948 kin deken Holten de nije klokken wije.
Wite stoeprânen op it Suderplein yn Ljouwert © H. Mellema (Historisch Centrum Leeuwarden)
Mei de besetting fiere de Dútsers ferplichte fertsjustering yn. Dat dogge sy om alliearder bommewerpers yn 'e mist te fieren. Yn de praktyk betsjut it dat boargers foarkomme moatte dat der op jûntiid ljocht út harren wenten nei bûten skynt. Ramen wurde blyndearre mei swarte ferve of papieren. Ek op strjitte mei gjin ljocht mear wêze. Net fan fytsen en auto's, mar ek net fan strjitferljochting.
Fertsjustering is net sûnder risiko: guon minsken ferûngelokje om't sy yn it tsjuster it paad kwytreitsje. Om it dochs noch wat feilich te hâlden, wurde stoeprânen en rânen fan rotonden wyt ferve. Op it earste each liket dit in gewoane foto fan it Suderplein yn Ljouwert, mar wa't goed sjocht, kin de wite ferverânen wol sjen. De foto is yn 1940 makke fan it dak fan de Beurs ôf.
Om't Nederlân dit jier 75 jier befrijd is, hat it NIOD (Instituut voor Oorlogs-, Holocaust- en Genocidestudies) in projekt opset: De Tweede Wereldoorlog in 100 foto's. Dat wurdt dien yn opdracht fan Platform WO2 en is mei mooglik makke troch it Ministearje fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport en it vfonds. Eltse provinsje hat oarlochsfoto's oanlevere dêr't eltsenien op stimme koe. Op 15 jannewaris binne de foto's út Fryslân presintearre, bylden dy't de oarloch sichtber en ynfielber meitsje. In boargerfoarum kiest úteinlik de 100 foto's dy't oerbliuwe foar in nasjonale tentoanstelling, dy wurde op 30 maart bekendmakke.
De seleksje Fryske oarlochsfoto's komt foarby yn dizze ferhalerige en is keazen troch Tresoar, Fries Verzetsmuseum, Historisch Centrum Leeuwarden, Provinsje Fryslân, Leeuwarder Courant en Omrop Fryslân. De Fryske foto's binne tusken 11 april en 16 septimber te sjen yn it Fries Verzetsmuseum yn de tentoanstelling Oog in oog met de oorlog.