Fuotbalklups benaud dat seizoen derop sit: "Ik gean fan minste senario út"

21 mrt 2020 - 16:38

Foar Fryske fuotbalklups is it in frjemde tiid. Ynienen lizze alle kompetysjes stil en it is mar de fraach oft dy noch ôfmakke wurde. "It kin in hiel grut probleem wurde as we it hiele seizoen net mear fuotbalje", fertelt foarsitter Sippe Heeringa fan Harkemase Boys. De hoop is dat de lêste wedstriden noch wol spile wurde, ek as dat bygelyks oant begjin july wêze soe.

By thúswedstriden wurdt der in soad jild fertsjinne yn de kantine en de kassa. As de kompetysje no ophâldt, betsjut dat foar tredde-divyzjonist Harkemase Boys fiif thúswedstriden minder. Wylst moatte de fêste lêsten wol gewoan trochbetelle wurde, lykas it klupgebou. Mar ek op leger nivo, by Friese Boys yn Kollumersweach, is de coronakrisis in grut probleem. "Ik gean fan it minste senario út. Ik tink dat we dit seizoen net mear útfuotbalje. Yn maaie en juny ha we hjir faak grutte aktiviteiten, bygelyks in stapperstoernoai en in famyljedei. Dat tegearre mei de normale saterdeis binne je allegear kwyt", leit ponghâlder Jan Kempenaar fan Friese Boys út.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

De twa klups hoopje eins op ekstra stipe fanút de KNVB. "We betelje alle moanne in foarskot oan de KNVB foar ûnder oare wedstriidkosten. As se dat oan de klups wer werom jouwe, kinne dy klups ek wer even foarút", leit Kempenaar út. Heeringa is it dêrmei iens: "Der wurdt no sein dat de KNVB der ek serieus oer neitinkt om dy fêste lêsten kwyt te skelden. Ek soe der miskien in needfûns komme. Dat sille wy dan ek nedich ha."

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
(advertinsje)
(advertinsje)