Fryske iisfabryk makket goedkeap desynfeksjemiddel

21 mrt 2020 - 15:37

IIslollys, Calippo's en bakken skepiis: dêr is yn dizze tiid gjin fraach nei, en dêrom hat in iisfabryk yn Fryslân besletten yn stee fan iis, desynfeksjemiddel te produsearjen. Der is grutte fraach nei it middel en dat merkt ek Marc Begeman fan de iisfabryk. "Van alle kanten wordt er aan ons getrokken. Ziekenhuizen, zorginstellingen, grote bedrijven, ze zijn allemaal op zoek naar desinfectiemiddel."

De fraach nei iis nimt enoarm ôf mar de kosten geane wol troch, dus moasten de iismakkers op syk nei nije ynkomsten. "Normaal hebben we gewoon een hele grote ijsproductie, maar door het coronavirus is dat stil komen te liggen en toen hebben we gekeken waar we dan ons geld vandaan moesten halen", seit Begeman.

Hiel oar proses

It proses foar it meitsjen fan iis en fan desynfeksjemiddel is wol wat oars. "Alleen het inpakken van de doos is hetzelfde, maar voor de rest is het enorm anders. We vullen flessen in plaats van bakken ijs, dus het is allemaal even anders", seit Begeman.

Lyts bedrach

De flessen wurde foar in lyts bedrach ferkocht oan sikehuzen en soarchsintra. De fabryk wol yn totaal 150.000 liter desynfeksjemiddel produsearje. "Wij moeten denk ik wachten tot volgend jaar mei voor we weer ijs mogen produceren, en zolang de vraag er is gaan wij door met het produceren van desinfectiemiddel", seit Marc Begeman.

(advertinsje)
(advertinsje)