Enkête: Coronafirus hat grutte ympakt op toerismesektor yn Fryslân

21 mrt 2020 - 14:55

It coronafirus hat in grutte ympakt op ûndernimmers yn de toerismesektor. Dat docht bliken út in peiling fan Merk Fryslân ûnder 274 ûndernimmers. Ien tredde dêrfan jout oan it bedriuw sletten te ha. Mar folle mear ûndernimmers, fjouwer fan de fiif, ha lêst fan it firus.

Fryske flagge - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

It probleem leit him yn de annulearringen en de nije boekingen. Hast de helte fan de respondinten ûntfangt minder boekingen.

Der binne grutte soargen oer hoe't it no fierder moat mei it toerisme yn Fryslân, seit Martin Cnossen fan Merk Fryslân. It bedriuw besiket him wol yn te setten foar dizze ûndernimmers. Mei bygelyks in poadium wêr't ûndernimmers firtuele rûnliedingen op oanbiede kinne.

Oprop deputearre Fokkens

Om de Fryske toerismesektor te stypjen die deputearre Avine Fokkens in bysûndere oprop. Sy freget de Friezen nammentlik om kommende simmer fakânsje te fieren yn ús eigen provinsje.

"Het is bedoeld als een hart onder de riem voor deze sector. Het is ook bedoeld om te laten zien: we zijn er voor jullie als provinciebestuur. En het is ook een signaal naar de Friezen en de mensen daarbuiten om te laten zien dat Fryslân een fantastisch vakantieparadijs is", seit Fokkens. "Maar dan natuurlijk wel op het moment dat het allemaal weer kan. Gezondheid gaat voor alles."

Goede foarbyld

De deputearre sil sels it goede foarbyld jaan. "Wij blijven inderdaad hier met mijn gezin met vier kinderen. Wij hebben erover gesproken wat we leuk vinden en we gaan zeker onze vakantie hier in Fryslân vieren", sa seit Fokkens. "Laten we eerlijk zijn, daar hebben we ook alle reden toe. Fryslân heeft heel erg veel te bieden als vakantieprovincie."

Trefwurden: 
coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)