Tsien miljoen út Waadfûns foar opkeap fergunningen garnalefiskers

21 mrt 2020 - 14:10

It Waadfûns reservearret tsien miljoen euro foar it frijwillich út de merk nimme fan fergunningen fan garnalefiskers. De fiskerij, natuerorganisaasjes en oerheden hawwe dêroer ôfspraken makke yn it Convenant Viswad.

Garnalekotter - Foto: Waddenfonds

Underdiel fan it konvenant is dat dielen fan de Waadsee frijwillich ôfsletten wurde foar de garnalefiskerij. It doel fan de regeling is net allinnich om de druk fan de garnalefiskerij yn de Waadsee te ferminderjen, mar ek om de restearjende fiskers mear perspektyf te bieden yn de net sletten gebieden.

GK-fergunning

Om op garnalen fiskje te kinnen yn de Waadsee hat in fisker in saneamde GK-fergunning nedich. Oan dizze fergunning is ek in motorfermogen keppele. Mei-inoar binne der 89 fan dizze fergunningen yn omloop.

De nije regeling kin allinnich trochgean as der minstens tsien fergunningen út de merk naam wurde. Der wurde maksimaal 30 GK-fergunningen opkocht en foar elke fergunning wurdt maksimaal 400.000 euro subsydzje takend.

Rangskikking

De subsydzje wurdt úteinlik takend op basis fan rangskikking fan de oanfragen. De fisker mei it leechste subsydzjebedrach per kilowatt komt as earste yn oanmerking.

(advertinsje)
(advertinsje)