"Sels yn de oarloch wiene de kroegen iepen, mar no net"

21 mrt 2020 - 13:59

Kroecheigeners krigen snein noch in heal oerke. Dêrnei moatst de boel fuortendaliks ticht. De oankondiging fan minster Bruno Bruins kaam by in protte hoareka-ûndernimmers hurd oan. Want wat moatte jo no as kroech-eigner as alle barkrukken leech bliuwe?

"Dit moat echt wenne. It is in stil gebeuren", seit Henny fan de Doelebar yn Ljouwert. Mei syn kollega's stie er snein de flier te skrobjen, want om sân oere soe it kafee iepengean. Mar om healwei seizen hearde er dat alles om seis oere ticht moast. En no hat er de kroech al hast in wike net iepen hân.

"Ik hie net tocht dat ik der sa ûnwennich fan wurde soe. Sjoch, de earste pear dagen frij is hartstikke leuk. Putsjes dwaan sûnder tiidsdruk. Mar we binne no in pear dagen fierder. Ik bin ûnwennich fan minsken in leuke jûn besoargje."

Henny fan de Doelebar yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân

Ik sit hjir tsjin de barkrukken te praten, mar se sizze neat werom

Henny fan de Doelebar

In stikje fierderop by kafee De Prins wurdt drok wurke oan it ynterieur. De kezinen wurde farve, it systeemplafond ferfongen en de keuken ekstra skjinmakke. "Jo moatte dochs wat", fertelt Izak-Jan Rusticus fan De Prins. Se binne pas fiif dagen ticht, mar Rusticus hat no al syn nocht.

"Je wurde moarns wekker, en je tinke: watfoar dei is it hjoed? Freed? Moandei? Alle dagen binne itselde, gjin minsken yn 'e kroech, hast gjin minsken op strjitte. It is in sneue bedoening."

Izak-Jan Rusticus fan De Prins yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân

Foar de ûndernimmers yn de Doelestege wurde it spannende tiiden. Takom wiken binne se ek noch ticht, gjin Keningsnacht yn it foarútsjoch en miskien ek gjin Befrijingsdei. Henny: "Dat soart feestdagen binne krinten yn 'e brij foar de kroechjes yn de Doelestege. Wy hawwe gjin terras, dus fan moai waar moatte we it net hawwe."

Izak-Jan tinkt dat de hoareka pas wer yn juny iepen sil. Henny wit it net: "Ticht wêze kostet in protte jild. En as ús drokste dagen fan it jier dan ek noch fuortfalle, wurdt it in lêstige hobby. We moatte mar sjen hoefolle kroegen oft der noch iepen binne, as we al wer iepen gean."

Izak-Jan: "Wy sitte al 36 jier yn Ljouwert. Mar guon sitte hjir noch mar krekt, dy hawwe noch gjin body. Mar ek foar ús. It wie net de bedoeling dat ús sparjild hjiroan opgean sil"

Dochs bliuwe de beide ûndernimmers posityf. Izak-Jan: "We sille allegear troch dizze soere appel hinne bite moatte. It moat. It is foar in hiel soad ûndernimmers in swiere opjefte om hjirút te kommen. Mar we komme der mei ús allen út."

En ek Henny sil him wol rêde. "Depressyf sil ik net wurde. By my is it glês altyd healfol en net healleech. Ik fermeitsje my wol. Sit dêr mar net oer yn."

(advertinsje)
(advertinsje)