Froulju moatte safolle mooglik thús befalle: "Druk op sikehuzen ferminderje"

21 mrt 2020 - 13:25

Ferloskundigen yn Fryslân roppe froulju op om safolle mooglik thús te befallen, om de druk op de sikehuzen te ferminderjen. As it echt net oars kin, dan is poliklinysk befalle wol mooglik, mar net mear mei de eigen ferloskundige.

Foto: ANP

"Dit beslút is justermiddei (freed, red.) naam. Nei twa dagen yntinsyf kontakt tusken sikehuzen, gynekologen en ferloskundigen. Dit is de beste oplossing", seit Klaske Lycklema fan ferloskundigenpraktyk Wolkom yn Drachten.

Twa redenen

Der binne twa wichtige redenen om thús te befallen. "We moatte de druk op de sikehuzen ferminderjen", seit Lycklema. "Dêrneist is der ûnder de froulju ûnrêst oer it mooglike ekstra risiko yn it sikehûs fanwege besmettingsgefaar. Dat is foar ús dreech te beäntwurdzjen, mar we witte wol dat as je sûn binne it better is om mar thús te befallen." Yn needsaaklike gefallen is it fansels wol noch mooglik om yn it sikehûs te befallen .

Der is neffens de ferloskundige ûnder de froulju dy't yn ferwachting binne in soad begryp foar de situaasje. "In protte froulju hienen sels ek al neitocht: wol ik noch wol yn it sikehûs wêze? In tal froulju hie har kar ek al oanpast", sa seit Lycklema.

Trefwurden: 
coronakrisis
(advertinsje)
(advertinsje)