FIDEO: Loads fan hinnehâlderij De Haule baarnt oant de grûn ta ôf

By in hinnehâlderij yn De Haule is in grutte brân útbrutsen. It fjoer wie net yn de hinnestâl, mar yn in loads. Dy kin as ferlern beskôge wurde. It wenhûs en de stâl mei hinnen is behâlden bleaun.
Grutte brân yn De Haule
Fuortendaliks nei de útbraak waarden de korpsen Haulerwyk, Drachten en Appelskea oproppen. Letter kamen dêr brânwachtminsken út Veenhuizen, Norg en Roden by.
Troch de rappe ynset koe de skea beheind bliuwe ta de loads fan 15 by 20 meter.