Seis nije besmettingen fêststeld, by âlderen en soarchferlieners

De nije besmettingen binne fêststeld by âlderen mei in kwetbere sûnens en soarchferlieners, seit Margreet de Graaf fan de GGD Fryslân. Dêrmei komt it totaaltal fêststelde coronabesmettingen yn Fryslân út op 34.
© Shutterstock / Omrop Fryslân
De pyk komt letter, mar wannear fynt De Graaf dreech yn te skatten. Alle maatregels fan no moatte derta liede dat net ien kear in hiel soad minsken slim siik binne, mar dat it mear útsmard wurdt oer in langere perioade.
It coronafirus hat maksimaal twa wiken ynkubaasjetiid, dus it bliuwt noch wol efkes spannend, seit De Graaf. Acht op de tsien minsken kinne mei in coronabesmetting thús bliuwe en sa better wurde.
De Graaf hopet dat der oer in pear moannen in metoade komt om te testen oft minsken it coronafirus hân hawwe en dat se resistint binne.