Raynaud Ritsma fan SkoalTV helpt mei dizze tips bern de coronakrisis troch

21 mrt 2020 - 12:18

No't de bern de kommende tiid net nei skoalle kinne, moatte âlden betinke hoe't se foarkomme kinne dat de bern harren ferfele. Presintator Raynaud Ritsma fan SkoalTV hie by Op en Thús gelokkich wol wat tips foar de kommende wiken.

Raynaud Ritsma mei de sjipkistebouwers - Foto: Omrop Fryslân

"Op de webside Skoal.TV is foar elke doelgroep wol wat te finen. Foar de bern fan nul oant trije jier hawwe we bygelyks Tomketiid", seit Ritsma. De ferskate programma's binne op de webside fan SkoalTV yndield op leeftiidsgroep.

Wurkblêd

"It programma WitWat foar bern fan seis oant njoggen is bygelyks hiel aardich foar masters en juffen. Yn WitWat giet Noa op syk nei antwurden op ferskate fragen. Lykas, wêrom is pis giel? By elke útstjoering sit dan ek wer in wurkblêd. Dan kinne de bern nei de útstjoering fragen oer it ûnderwerp meitsje", sa seit Ritsma.

Tsjek

"Njoggen oant tolve jier fyn ik fansels de leukste doelgroep, want dêr heart myn programma Tsjek by. De útstjoering fan 14 jannewaris fan ferline jier is dêrby bygelyks hiel aardich, want dêryn prate we oer wêrom't neat dwaan somtiden hiel wichtich is. Dat is wol tapaslik yn dizze tiid", seit Ritsma.

Ek foar de leeftydsgroepen trije oant seis en tolve oant fiiftjin binne der programma's werom te sjen op de webside fan Skoal TV.

Trefwurden: 
Raynaud Ritsma skoalTV
(advertinsje)
(advertinsje)