Jopie Huisman Museum makket filmkes foar publyk thús

Yn dizze tiden fan krisis barre der in soad kreative en fernijende dingen om der it bêste fan te meitsjen. Lykas yn it Jopie Huisman Museum yn Warkum. Ek al binne se ticht, se litte it der net by sitte en besykje it wurk yn it museum nei de minsken thús te bringen.
Jopie Huisman Museum makket filmkes foar publyk thús
It is hielendal net stil yn it museum. Mei in tillefoan op in statyf wurde allegearre filmkes makke fan it wurk fan Jopie Huisman. Wat de filmkes ekstra bysûnder makket is audiomateriaal fan Jopie Huisman sels dy't oer syn skilderijen fertelt. "Het straalt licht uit. Ik had zo'n behoefte aan aandacht, achteraf gezien. Dat ik een uiterst krampachtige poging heb gedaan om op te vallen via dat werk", sa fertelt Jopie Huisman oer ien fan syn ferneamste wurken 'Roodbaaien hemd'.
"Als de bezoekers niet naar het museum kunnen komen, dan komt het museum naar de mensen toe", fertelt direkteur Peter Miedema. Alle dagen binne se drok mei filmes en is der in Jopie Huisman-kwis. Alles komt op de Facebookside fan it museum te stean. Se besykje der it bêste fan te meitsjen.
Der wie foarige moanne krekt in grutte tentoanstelling losgien: WaterWereld mei wurk fan ûnder oaren Gerrit Benner, Ids Wiersma, Tjibbe Hooghiemstra, Willem van Althuis en Jan van der Kooi. "We kregen enthousiaste reacties, goede recensies en extra bezoek in februari, maar helaas het is niet anders." De tentoanstelling rint oant en mei jannewaris 2021, dus it museum hat noch goede hope.