Beleanning útloofd foar gouden tip oer brân yn Easterwâlde

De tipjouwer mei de gouden tip dy't liedt ta it bekend wurden fan de oarsaak fan de brân yn in loads oan de Houtwal yn Easterwâlde kin rekkenje op in 'oantreklike' beleanning. Dat docht bliken út in advertinsje yn de Ljouwerter Krante.
De advertinsje yn de krante © Omrop Fryslân
De beleanning is útloofd troch CED Forensic. In partikulier ûndersyksburo út Capelle aan den IJssel. Der binne sterke oanwizings dat de brân oanstutsen is.
Hoe heech oft de beleanning foar de gouden tip is, is net bekend.