Kollum: "Fuotbalje yn krisistiid?"

"De Nigeriaanske fuotballer John Obi Mikel fertsjinnet syn jild as prof yn de Turkske kompetysje. Alteast, dat wie sa. Hy spile by Trabzonspor, de klup út de stêd Trabzon. Dat leit yn in noardeasten fan Turkije, tsjin de Swarte See oan. De Turkske fuotbalkompetysje lûkt him net folle oan fan alle heisa om it jim wolbekende firus hinne. "
Ferdinand de Jong © Omrop Fryslân
Ferdinand de Jong: "Fuotbalje yn krisistiid?"
"De bal moat rôlje, sels al stiet de wrâld yn 'e brân. Dus fuotbalje se dêr yn lege stadions, wylst sels yn it stoïsynske Ruslân de kompetysje stillein is. Dat seit genôch, as se dêr al fine dat it net mear ferantwurde is, soe ik der echt mar mei ophâlde.
Mar de Turken balje troch. De earder by Chelsea fuotbaljende Mikel wie it dêr net mei iens. Hy sette op syn sosjale media kanaal in foto fan himsels mei de tekst:
'There is more to life than football. I do not feel comfortable and I don't want to play footbal in this situation. Everyone should be home with their families and loved ones in this critical times. Season should be cancelled as the world is facing such turbulent times.'
Frij fertaald: Der is mear yn it libben as fuotbal. Ik fiel my net noflik en ik wol net fuotbalje yn dizze situaasje. Eltsenien soe thús wêze moatte by harren famyljes en neisten yn dizze kritike tiid. It seizoen moat ôfblaasd wurde as de wrâld turbulinte tiden lykas dizze meimakket.
Was getekend, John Obi Mikel. Wat my oanbelanget wurdt dizze man de nije foarsitter fan de FIFA of de UEFA. Beide mei ek. Einliks ien dy't gewoan de banaliteit fan altyd mar trochgean moatten fan fuotbaljen doart oan te kaarten. Syn ûntslach by Trabzonspor soe ik as wichtichste punt op syn CV sette. Dêr wurdt er oeral daliks mei oannaam, by hokker klup dan ek.
De klups sille it finansjeel dreech krije. Miskien sille der guon fallyt gean en wer in trochstart meitsje. We sille it allegearre ôfwachtsje moatte. Mar dat fynt op in gegeven stuit syn paad wol wer.
Der spylje op dit stuit hiele oare belangen as fuotbalbelangen. Ha we genôch bêden, ferplegers, testen, kennis en minsken dy't oer grinzen doarre te sjen om metoaden te finen om sa te besykjen it firus de baas te wurden. Dat is folle wichtiger as it earste kampioenskip fan Liverpool yn 30 jier, it ferpleatsen fan in EK nei 2021 en it wol of net promovearjen en degradearjen fan klups yn Nederlân.
There is more to life than football. Sûnens is folle mear wurdich."