Alderearste ôfsein Nederlânsk sportevemint fanwege epidemy wie PC yn 1866

21 mrt 2020 - 09:00

It EK fuotbal, de Giro d'Italia en it WK shorttrack, it binne trije grutte sporteveneminten dy't troch de coronakrisis dit jier net mear op de aginda stean. De earste kear dat in Nederlânsk sportevenemint troffen waard troch in epidemy wie de PC yn 1866. Doe gong it om de goalera. "Om de tiid fan de PC hinne wiene der al in pear hûndert deaden yn Fryslân", seit keatshistoarikus Pieter Breuker.

Pieter Breuker - Foto: Omrop Fryslân

De goalera bruts yn april 1866 út yn Rotterdam. Krekt as no waard úteinlik it hiele lân slachtoffer fan dy sykte, seit Breuker. "It wie earst foaral it súdwesten fan Nederlân, mar it berikte Fryslân ek. En de PC seach it swurk wol driuwen, want yn dy tiid waard de PC ek al op de fiifde woansdei fan july holden, dus om 1 augustus hinne."

En dus waard de wichtichste keatswedstriid fan it jier earst útsteld, mar wol mei as doel om him letter yn te heljen. "De kommisje stjoerde in brief nei it gemeentebestjoer, oft se de PC noch wol hâlde mochten. Dêr hat de gemeente in ôfwizend antwurd op jûn."

Opfallende parallel

De wize wêrop dat barde, fynt Breuker benammen nijsgjirrich: "Hielendal yn dizze tiid. De boargemaster fan Frjentsjer, Rudolphus Hamerster Dijkstra, wiist op 17 augustus dat fersyk ôf en skriuwt: Overwegende, dat men bij of voor het uitbreken ener epidemie, niet alleen maatregelen moet aanwenden om ene ziekte te bedwingen, maar vooral ook om ze te voorkoomen. Dat soene wurden fan hjoed-de-dei wêze kinne."

Dat wie de twadde kear dat de PC ôfsein waard, want dat barde yn 1859 ek alris. De reden dêrfan is net bekend. "Fan 1859 waard en wurdt, in bytsje ta myn argewaasje, wol sein dat dy PC oergongen wêze soe fanwegen de pokken", seit Breuker. "Mar der wiene hielendal gjin pokken yn Fryslân. It bêste bewiis dat der doe neat te rêden wie yn Fryslân, wie dat de gemeente doe wol de merke gewoan tastie. Dy waard yn 1866 yn july ferbean fanwege dy epidemy. Mar yn 1859 koe de PC gewoan trochgean, wat de gemeente oangiet."

Betelje út eigen bûsen

Breuker tinkt dat der in hiele oare reden wie dat dy PC yn 1859 oergong. "De earste PC, yn 1854, wie in grut sukses. Mar doe gie it trije jier lang mis, fanwege it waar. De PC moast de hiele tiid útsteld wurde. De mannen dy't dat regelen, de Commissie der Franeker Kaatspartij, moasten dy wedstriid út eigen bûse betelje. Dat koste har dus jild."

Mei sykte hie it neffens Breuker neat te krijen: "Yn de âldste boarnen, ynklusyf by de grutte man fan de PC, Jan Bogtstra, is neat te finen oer in pokke-epidemy. Bogtstra skriuwt fjirtich jier letter: 'oorzaak onbekend'. De Frjentsjerter krante skriuwt yn 1892 itselde. Ik tink dat by Bogtstra meispile hat dat er it in bytsje geheim hâlde wollen hat, want hy hie in finansjeel belang by de PC: hy ferkocht de wyn oan de kroechbazen, hy wie wynhanneler. Dit koste him dus jild. De man hat him even achter de earen klaud, mar it hie mei pokken neat út te stean."

Keatshistoarikus Pieter Breuker oer de PC fan 1866

(advertinsje)
(advertinsje)