Liveblog | 21 maart 2020

Coronanijs sneon 21 maart: GGD wol dat pyk fan epidemy 'sa lang mooglik' duorret, "misschien wel twee jaar"

Yn dit liveblog melden we it lêste nijs oer it coronafirus yn Fryslân.
Lêst bywurke: 8 april 2020, 10:41
22:54

Ein fan dit liveblog

Oant safier it liveblog fan sneon 21 maart oer de coronakrisis. Wy sette noch ien kear de belangrykste punten út dit liveblog op in rychje:
Snein is der in nij liveblog. Op radio en telefyzje stiet de programmearring dan ek yn it ramt fan it coronafirus. Om tsien oere wurdt der in tsjerketsjinst útstjoerd op telefyzje, foar al dy minsken dy't no net nei tsjerke kinne. Om alve oere begjint de radio-útstjoering fan Buro de Vries, mei ûnder oare Anne-Marie van Elsacker fan it medysk laboratorium Izore, en Europarlemintariër Jan Huitema. En jûns is der in ekstra útstjoering fan Fryslân Hjoed. Dy is alle oeren te sjen op telefyzje, fan seis oere ôf.
22:06

Ferpleechsters út Drachten ha in fersyk: "Blijf jij binnen voor ons?"

Al twa dagen achter mekoar komme der coronapasjinten út Brabân nei Fryske sikehûzen, omdat se de drokte yn it suden fan it lân net mear oan kinne. Se komme ek nei it sikehûs fan Drachten. Dêr roppe de ferpleechsters minsken op om binnen te bliuwen. Dat is krúsjaal om it oantal besmettingen ûnder kontrôle te hâlden.
21:17

GGD: "We wolle dat de 'pyk' fan de epidemy sa lang mooglik duorret. Miskien wol twa jier."

De ynspanningen om de sprieding fan it firus te beheinen, binne der op rjochte de pyk fan de epidemy sa lang mooglik duorje te litten. Dat seit Margreet de Graaf fan de GGD yn Fryslân Hjoed. As dy pyk te heech wurdt, kinne de sikehûzen de taname fan pasjinten net oan.
GGD: "Mischien kunnen we het over twee jaar uitsmeren, dan hebben we een vaccin"
"In principe beweegt een epidemie zich altijd in een piek, maar hoe hoog die piek is, en hoeveel die uitgesmeerd is in de tijd, dat weet je niet. We proberen nu om die piek zo laag mogelijk te houden, en zo lang mogelijk te laten duren."
"Misschien kunnen we het wel rekken tot het mooie weer. Daar houdt een virus niet van. Of misschien kunnen we het zelfs wel uitsmeren over één of twee jaar. Dan hebben we een vaccin."
It hiele petear mei Margreet de Graaf is te sjen yn de útstjoering fan Fryslân Hjoed.
21:04

Smellingerlân stelt advertinsjeromte beskikber fanwege coronakrisis

De gemeente Smellingerlân stelt in side beskikber fan it wykblêd Actief, foar minsken dy't yn dizze krisistiid help oanbiede wolle. Dat meldt de gemeente. Minsken dy't in oar in hert ûnder de riem stekke wolle, kinne ek in berjocht pleatse litte.
"Ondanks alle maatregelen die er genomen worden en alle beperkingen die nu gelden, is er één ding dat wij niet uit het oog moeten verliezen: elkaar!", seit boargemaster Jan Rijpstra.
20:37

"De earste pasjint woe in middel tsjin astma, en gong wer nei hûs. Doe hiene we in pandemy."

Healweis febrewaris stapt in 38-jierrige sakeman by de earste help nei binnen fan in sikehûs yn Lombardije. Hy wol in middel tsjin astma. De dokter wol him yn it sikehûs hâlde, mar de man giet wer nei hûs. Europa wit dan noch net dat dit it begjin is fan in nije pandemy. Dat skriuwt RTV Noord.
Ferslachjouwer Tristan Braakman hat in artikel lêzen yn it fakblêd fan de Nederlânske feriening foar medyske mikrobiology. Trije spesjalisten blikke dêryn werom op it begjin fan de coronakrisis.
© ANP
De manier wêrop't Nederlân it firus te liif giet, is goed, sizze de spesjalisten. Se wolle in 'code zwart' foarkomme.
'Het ontstaan van de piek van de epidemie zo goed en lang mogelijk vertragen' is 'de juiste strategie'. 'Terwijl de ziekenhuizen zich voorbereiden, moet het afremmen geheel buiten de ziekenhuizen gebeuren. (...) We nemen deze maatregelen om te voorkomen dat we aan patiënten die urgente zorg nodig hebben, geen zorg meer kunnen verlenen. Code zwart'.
Dat guon minsken it firus as 'in grypke' beskôgje, begripe de spesjalisten net. 'Dat is het niet! De impact is onvergelijkbaar. Het doel is om de piek te vertragen en te verminderen, om elke overdracht die kan worden voorkomen, ook te voorkomen.'
20:20

Noardlike sikehûzen roppe help yn fan publyk: "We hebben uw hulp nodig"

De Noardlike sikehûzen ferwachtsje de kommende wiken in grutte taname fan it oantal coronabesmettingen. Dêrom freegje se minsken om allinne nei it sikehûs te kommen as se seker witte as de ôfspraak trochgiet. Minsken mei koarts of ferkâldheid meie net kommen. Dat sizze de sikehûzen yn in mienskiplike ferklearring.
De ferklearring is ûndertekene troch sikehûzen yn Fryslân, Grinslân en Drinte. Se sizze dat se hiel nau gearwurkje. En se tankje it publyk foar de stipe dy't se krije.
"Het is hartverwarmend. Uw steun, alle berichten en materialen die we ontvangen. Bedrijven die bijspringen, oud-medewerkers die zich melden om weer te komen. We willen u melden dat dit ons ontzettend steunt."