De Joadske boargemaster fan Amerongen

21 mrt 2020 - 07:00

Yn de searje De terugkeer van de Joodse Kinderen ditkear it ferhaal fan de Joadske Salomon (Sal) Roos. Wylst hy yn Ferwert ûnderdûkt siet, wie syn heit boargemaster fan Amerongen. Sal hopet de wûnderlike skiednis fan Abraham Roos yn boekfoarm út te jaan.

Tekst Martijn van Dijk

Foto: Famyljefoto

Sal Roos siet yn july 1943 al yn Westerbork tegearre mei syn broer, heit en mem. Hoe't se twa moannen letter dochs wer it kamp ferlitte koene en weromkeare koene nei Amsterdam, is Sal nea hielendal dúdlik wurden. "It hie fêst wat te krijen mei it wurk fan ús heit."

Abraham Roos fersoarge nammentlik de itenspakketten foar de Joaden dy't op transport moasten. Sal: "De nazi's sille har fêst ôffrege hawwe wêrom't der gjin pakketten mear yn Westerbork kamen." De Dútske kampbewakers makken ek happich gebrûk fan de pakketten dy't foar de Joaden bestimd wiene.

Underdûke

Krekt nei weromkear yn Amsterdam dûkte de hiele húshâlding ûnder. Mem Rosalie (Ro) yn Amstelveen, heit Abraham yn Amerongen en de beide broers kamen fia Utrecht yn Ferwert telâne.

Abraham wie yn it besit fan de papieren fan Theo van Leur, in net-Joad dy't ferstoarn wie yn kamp Westerbork. As de fertsjintwurdiger Van Leur slagge hy deryn om him rap op te wurkje yn Amerongen en it duorre net lang oft de pleatslike Ortskommandant fertroude him folslein.

Abraham Roos - Foto: Famyljefoto

En sa waard Abraham yn oktober 1944 ta boargemaster beneamd en yn dy funksje wist hy in soad ynformaasje troch te spyljen nei de alliearden. Ek wist hy de Ortskommandant sa te bespyljen dat it ienfâldich wie om piloaten op legale wize oer in rivier tichtby te bringen.

Tsjinstfamke

De boargemaster wist sels in nij tsjinstfamke te beneamen, dat 'tafallich' út Amstelveen kaan. Dat de twa al jierrenlang troud wiene, is nea útkaam. De bizarre situaasje duorre oant febrewaris 1945. Doe dûkten Abraham en Ro opnij - tegearre - ûnder.

Sal en syn broer Jaap sieten yntusken yn Fryslân. "By dokter Smit yn Ferwert moasten we earst in skoftke akklimatisearje op it souder. En dêrnei giene we elts nei in oare famylje."

Famylje Van der Heide - Foto: Famyljefoto

Omdat de bern elkoar herkenne kinne soene yn it doarp waard lykwols dochs besletten om Jaap earne oars ûnder te bringen. Jaap gie nei Haren en Sal kaam yn in waarm nêst telâne. De famylje Van der Heide wenne tichtby de seedyk en benammen âldste dochter Tine wie as in mem foar him. Inkelde moannen dêrfoar wie har oansteande man fusillearre troch de Dútsers en se koe al har leafde by Sal kwyt.

"Ik prate Frysk en koe net kommunisearje mei ús âlden"

"Sy hat mei nei de oarloch eins wer rêden", seit Sal. Doe't Abraham en Ro nei in moanne sykjen harren beide soannen wer werom fûn hiene, waard de famylje wer by elkoar brocht. "Mar ik prate Frysk en koe net kommunisearje mei ús âlden. Tine hat doe earst by ús yn Rhenen wenne en letter ek noch yn Amsterdam, om my te helpen wer oan myn âlden te wennen."

Net allinnich mei Tine, mar ek mei oare sussen Pietje en Bertha van der Heide, wie de bân sterk. Alle trije binne koartlyn ferstoarn. En dat hat grutte yndruk makke op Sal.

De ûnfoarstelbere skiednis fan Abraham Roos, dy't as Joad mei in falske identiteit boargemaster wie, sil yn romanfoarm ferskine. Sal, Jaap en Theo, harren jongste broer dy't nei de oarloch berne is en ferneamd is nei de man fan wa't harren heit de identiteit brûkte, hoopje dat it dit jier noch slagget. Hoe dan ek is troch harren research in soad nije ynformaasje oer harren heit boppe wetter kaam.

'De terugkeer van de Joodse kinderen' fertelt de ferhalen fan Joadske bern, dy't yn de oarloch yn Fryslân ûnderdûkt sitten hawwe. Yn it earste wykein fan maaie binne de 'Onderduikdagen'. Dan komme de Joadske bern dy't wolle en kinne, nei Fryslân ta. It is in mienskiplik projekt fan Stichting de Verhalen, Tresoar, Omrop Fryslân, de Leeuwarder Courant en it Friesch Dagblad.

(advertinsje)
(advertinsje)