Fryske sikehûzen fange goed 40 coronapasjinten út Brabân op

20 mrt 2020 - 22:01

De sikehûzen yn Fryslân fange goed fjirtich coronapasjinten út Noard-Brabân op. De earsten komme freedtejûn oan yn Nij Smellinghe yn Drachten. De pasjinten wurde oerbrocht nei Fryslân, omdat Brabânske sikehûzen fol te begjinne reitsjen.

Foto: De Vries Media

"Wij hebben op dit moment de ruimte om patiënten op te vangen", seit Bert Kleinlugtenbeld, foarsitter fan de Ried fan Bestjoer fan Nij Smellinghe. "We hebben uiteraard onze steun en hulp aangeboden. De coronacrisis treft ons allemaal, heel Nederland en heel de wereld. In Nij Smellinghe vangen wij vanaf vrijdagavond 20 maart de eersten van ruim 40 patiënten uit Brabant op, de andere ziekenhuizen in Friesland volgen snel.

Alve nei Nij Smellinghe

Yn Nij Smellinghe binne freed alve Brabânske pasjinten opnaam. Dy komme op de ferpleechôfdieling en gean yn isolaasje. Fan in tal pasjinten is bekend dat se it firus yn alle gefallen hawwe, de oaren binne mooglik besmet. Sy hoege noch net nei de intensive care. De pasjinten komme fan de sikehûzen Elkerliek yn Deurne en Bernhoven yn Uden. Definsje sil helpe by de planning en it transport fan de coronapasjinten.

Needgjalp út Brabân

De Brabânske sikehûzen diene freed in needoprop oan sikehûzen yn de rest fan Nederlân. De tastream fan coronapasjinten is yn Brabân sa grut, dat se gjin soarch mear ferliene kinne oan oare pasjinten dy't dat nedich hawwe.

Caroline Heijckmann fan it Bernhoven-sikehûs: "Wij zijn in een crisissituatie, zien een enorme toestroom van patiënten en hebben het ziekenhuis moeten ombouwen naar een plaats waar alleen nog maar coronapatiënten worden opgevangen."

Op de bewezen-besmette afdeling gaat 25 procent niet levend van de afdeling af.

Traumasirurch yn Uden. Pasjinten fan dat sikehûs geane no nei Nij Smellinghe.

Bastiaan Thomeer is traumasjirurch yn it Bernhoven-sikehûs en hy omskriuwt de situaasje dêr: "Op de bewezen-besmette afdeling gaat 25 procent niet levend van de afdeling af. De afgelopen dagen is het aantal patiënten dat zich bij ons meldt, zo hard toegenomen dat we in drie dagen tijd alle klinische zorg voor alle vakgroepen hebben gestopt. We kunnen niks meer leveren. Wij zijn vier muren met daarbinnen alleen maar besmette patiënten."

Sa slim is de situaasje yn it sikehûs yn Uden:

Dêrom seit er tsjin de sikehûzen yn Noard-Nederlân: "We hebben jullie boven de rivieren nodig. Het is ongelooflijk frustrerend om te bellen en te horen 'het kan of het mag niet'. Wij hebben niet de energie meer om daar eindeloos voor te bellen. Wij willen dat wij worden benaderd over welke patiënten er overgenomen kunnen worden."

Romte yn it Noarden

Freedtemiddei hat it Regionaal Overleg Acute Zorgketen besletten dat de noardlike sikehûzen mooglike coronapasjinten út de súdlike provinsjes opfange. In protte noardlike sikehûzen ha de ôfrûne dagen in diel fan de soarch útsteld, om sa romte te hawwen foar de akute soarch.

(Advertinsje)
(Advertinsje)