Skuorre útbrând yn Terbant
In skuorre efter in wenning yn Terbant is freedtejûn folslein útbrând. De brânwacht fan Tsjalbert en Akkrum ha dwaande west om it fjoer ûnder kontrôle te krijen.
De brânwacht koe foarkomme dat de wenning skea oprûn by de brân. Yn de skuorre stiene gjin bisten en der is fierder gjinien ferwûne rekke.