Provinsje komt mei in 'omscholings'-fûns

20 mrt 2020 - 20:16

De provinsje wol op koarte termyn in 'omscholings'-fûns yn it libben roppe. Wurknimmers út bygelyks de hoareka kinne mei dat fûns oplaat wurde foar in baan yn de sûnenssoarch of yn de supermerk. Dat binne sektoaren dêr't yn de coronakrisis noch wol folop wurk is.

Dat sei deputearre Sander de Rouwe yn It Polytburo.

Ek wurdt sjoen oft provinsjale amtners oan de slach kinne by útfieringsynstânsjes lykas it UWV.

Digitaal kin net altyd

In probleem by de provinsje wurdt de kommende tiid de demokratyske gong fan saken. It kolleezje fan Deputearre Steaten kin wol digitaal besluten nimme, by Provinsjale Steaten bestiet dy mooglikheid net. Alle Steateleden moatte neffens de wet oanwêzich wêze by in fergadering. Der wurdt no ûndersocht oft de folksfertsjintwurdigers ferspraat oer it Provinsjehûs de fergaderingen bywenje kinne.

Sander de Rouwe sei yn It Polytburo serieus rekken te hâlden mei in folsleine lockdown. It soe dan wol sa wêze kinne dat soks earst yn de súdlike provinsjes ynsteld wurdt, plakken dêr't it firus it hurdst taslein hat. Mocht it ek hjir oait safier komme, dan binne de oerheden en de Feilichheidsregio der klear foar, sei De Rouwe.

(advertinsje)
(advertinsje)